Fytser slim ferwûne nei oanriding mei trekker yn Nijetrine

24 jul 2021 - 12:38

Oan de Lindedijk yn Nijetrine is sneon in fytser slim ferwûne rekke troch in oanriding mei in trekker en oanhinger. Der binne ferskate helptsjinsten op it plak kaam, ek in traumahelikopter. De fytser is mei de helikopter oerbrocht nei in sikehûs.

Foto: Noordernieuws

De plysje docht ûndersyk nei hoe't it ûngelok krekt barre koe. De Lindedijk is ôfsletten foar it ferker.

Trefwurden: 
ûngelok Nijetrine Lindedijk
(Advertinsje)
(Advertinsje)