Heit en mem Bouwmeester: "Lytse kâns dat dit har lêste Spelen binne"

De jacht op in twadde gouden medalje yn de Laser Radial begjint snein foar regearjend olympysk kampioen Marit Bouwmeester, mar eins begûn dy jacht al yn 2018. Tariedings op EK's en WK's waarden ôfsein om yn Japan op it olympysk wetter te trainen. Foar de útstelde Spelen fan 'team Bouwmeester' moat alles wike.
In lytse Marit Bouwmeester wint har earste priis:
De tarieding frege ek in fysike feroaring fan Bouwmeester. Dizze wike pakten lanlike media út mei it ferhaal dat Bouwmeester net yn de olympyske klean fan NOC*NSF past.

Bouwmeester is bodybuilder wurden

De sylster fan Warten hat sa bot oan it trainen west, dat se in gruttere fariant op de oranjeklean ha moat. En dat hat in reden, fertelt mem Klaske. "Trochdat de mêst fan har boat no fan karbon is, moast se mear spierkrêft ha. Se is in bodybuilder wurden."
Bouwmeester is no 33 jier. De folgjende Spelen binne yn Frankryk yn 2024. "Earst komt it WK yn Scheveningen. Dat is yn 2023. Ik tink dat se dêrby wêze wol en dan is it noch mar in jierke wachtsjen op de Spelen yn Frankryk", seit heit Jeen. "Wy witte it fansels net, mar ik tink dat se noch wol efkes trochgiet."
© Omrop Fryslân
Wy sille alles op ús laptop folgje. Moai mei syn twaen. Dat ha ik it leafste.
Heit Jeen Bouwmeester
Sa'n 100 atleten op de Spelen binne yntusken posityf test op it coronafirus. Itselde firus dat derfoar soarget dat heit en mem Bouwmeester de jacht fan Marit op goud thús folgje moatte.
Se hienen al in appartemint yn Japan boekt ferline jier doe't alles ôfsein waard. "Dat is wol hiel spitich. Mar it is net oars", seit Klaske. "Wy sille alles op ús laptop folgje. Moai mei syn twaen. Dat ha ik it leafste", seit Jeen.
Oer har kânsen binne har heit en mem dúdlik. "Sjoch, foar Marit telt allinnich goud. Se heart by de bêsten fan de wrâld. Al yn 2011 wie se foar it earst wrâldkampioen. Dan binne je wol ien fan de kânshawwers", seit Jeen.

Alles moat wike foar goud

"Wy soenen net teloarsteld wêze yn sulver. Marit wol. Alles moat wike foar goud."
Dat sit him ek yn har tarieding. "Har tarieding is enoarm. Gelyk nei de Spelen yn Rio gie se al nei Japan om te trainen. Dat hat in gouden set west, want ferline jier siet de haven op slot", seit Klaske. Marit hat dêrtroch data sammelje kind, wylst broer en coach Roelof bylden sammele fan de trainingen.
Klaske en Jeen Bouwmeester pakke de plakboeken derby en fine oantinkens oan de suksesfolle sylperioade fan harren bern Anneke, Roelof en Marit:
Yn 2012 koe broer Roelof net op de Olympyske Spelen stean fanwege in blessuere. "Dêrom soe it no ekstra moai wêze as se mei syn beiden sukses helje. Dan is it ek in bytsje foar Roelof", seit Klaske.

Skema Marit Bouwmeester:

Elke dei twa races tusken 05.00 en 11.00 oere. De medalrace is de lêste race en telt kwa punten dûbel. Doel is 10 races sile plus medalrace, mar dat hinget wol fan de wyn ôf. Dat jildt ek foar de tiden. As it waar net goed is, kinne de tiden feroarje.