Omrop TIP: Beklimmers fan it flakke lân (diel 3): Lânbou

24 jul 2021 - 10:30

Der liket in twadieling tusken 'hightech'en biologyske lânbou. Mar oer in oare wize fan lânbou giet ôflevering 3 fan de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' fan FryslânDOK. Te sjen op 24 july by NPO2 en op 25 july by Omrop Fryslân. Der is ek in podcast by, dizze wike prate we mei Imke de Boer en Evelien de Olde.

Yn dizze FryslânDOK de wittenskippers Imke de Boer en Evelien de Olde. Fierder in besite oan de 'zelfoogsttuin Us Hôf' yn Sibrandabuorren, dêr't se wurkje op basis fan permakultuer. 'Us Hôf' is in 'Community Supported Agriculture', oftewol in bedriuw dat gearwurket mei de mienskip dêr't it de gewaaksen oanleveret.

Fierders giet FryslânDOK nei foeraazjehanneler Theo Mulder yn Kollumersweach. Syn missy is minder keunstdong en pestisiden brûke.

Us Hof yn Sibrandabuorren - Foto: Omrop Fryslân

Podcast mei Imke de Boer en Evelien de Olde

By de Beklimmers-searje heart ek in podcast, dêr't de belutsen wittenskippers wiidweidich ynterviewd wurde. Imke de Boer en Evelien de Olde binne ûndersikers 'dierlijke productiesystemen' oan Wageningen University & Research. Harren fisy begjint by de boarger. Dy moat belutsen wurde by de produksje fan syn eigen iten, sadat hy dêrfoar ferantwurdlikens fielt.

Boppedat pleitsje De Boer en De Olde foar 'miljeuplafonds', dat wol sizze: de makismale belêsting dy't in regio hawwe kin fan de lânbou. It idee: de boer is net allinnich produsint, mar ek 'steward' fan it lânskip en wurdt dêrfoar ek betelle.

Mei de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' jout FryslânDOK romte oan nije inisjativen, faak lytsskalich en lokaal, basearre op grutte ideeën en idealen. Fan pluktunen oant technologyske ynnovaasjes, fan in 'Blue Zone' oant nije foarmen fan demokrasy. Alle njoggen ôfleveringen hawwe in eigen tema: perspektyf, natuer en lânskip, lânbou, sûnens, it doarp fan de takomst, de jongerein, bestjoer, spiritualiteit en as lêste de Fryske kultuer. De plannen en ideeën komme fan wittenskippers en fan de plattelânsbewenners sels.

De FryslânDOK-searje is makke troch programmamakkers Bart Kingma en Albert Jensma. It kamerawurk is fan Jan Bensliman. Bauke de Haan die de montaazje.

Albert Jensma, Jan Bensliman en Bart Kingma - Foto: Omrop Fryslân

FryslânDOK 'Beklimmers fan it flakke lân diel 3: Lânbou (in werhelling fan 12-13 desimber 2020)

  • Sneon 24 july 15.30 oere op NPO2 (werhelling snein 25 july 13.10 oere)
  • Snein 25 july 17.00 oere op Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)