Aksjefierders benaud foar frachtskippen: "De Hege Warren is gjin farsnelwei"

Wat moat der barre mei it feangreidegebiet De Hege Warren, ûnder De Alde Feanen? Ien fan de opsjes dêr't oer praat wurdt is om in kanaal oan te lizzen foar grutte frachtskippen, mar in groep ynwenners en rekreanten sjocht dat net sitten. Sy fiere aksje.
Aksjegroep tsjin farwei
Al in tal jierren wurdt praat oer wat der barre moat mei De Hege Warren. De boaiem sakket en der komt in soad CO2 frij. Tagelyk wurdt yn itselde gebiet sjoen oft it mooglik is om in kanaal oan te lizzen, sadat mear grutte frachtskippen nei de yndustryhaven fan Drachten komme kinne.

Benaud foar ûnfeilich farkrúspunt

De aksjegroep 'Vaarsnelweg Nee' wol dat net hawwe. Pier Houtsma is rekreant by De Feanhoop en is benaud dat syn rêstige plak in ûnfeilich en drok farkrúspunt wurdt. "Wy genietsje hjir fan in prachtich útsicht oer De Hege Warren, in polder dy't in unyk lânskip fertsjintwurdiget. No liket de provinsje oanstalten te meitsjen om hjir in farsnelwei fan te meitsjen. De skippen wurde twa kear sa grut en de snelheden geane omheech."
Op it stuit komme sa'n seis kear op in dei skippen del dy't oant sechtich meter lang binne. Wannear't sy fan Drachten ôf komme, geane sy by De Feanhoop nei it noarden, by Earnewâld del. De nije farrûte moat ien rjochte streek fan Drachten nei Grou wurde, dêr't skippen del komme moatte fan mear as 100 meter lang.
De donkerblauwe line is de farrûte sa't dy no is, de ljochtblauwe line is de mooglike nije rûte © Vaarsnelweg Nee
Dat de feangreideproblematyk yn ien sucht neamd wurdt mei in mooglike farrûte, begrypt Houtsma net: "Yn ús belibbing stiet dat kanaal los fan dy problematyk. Dat der troch oksidaasje in soad CO2 frijkomt, is in serieus probleem. Dêr moat ek wat oan dien wurde. Wat de oplossing dêrfoar is, is in diskusje dy't no noch geande is."
"Mar der liket in soarte fan twadde aginda te wêzen wêrby't in kanaal troch dat gebiet komme moat", seit Houtsma. "Dat sil wol in ekonomysk doel tsjinje."

Yndustry

De yndustryhaven fan Drachten moat mei de oanlis fan it kanaal in oanlûkende wurking krije foar bedriuwen. Dêrfoar soe it kanaal nedich wêze, om't de gruttere skippen de bocht by De Feanhoop net meitsje kinne.
In protest-spandoek dat by De Feanhoop oan it wetter ophongen is © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Pier Houtsma fan de aksjegroep
Sa fier is it lykwols noch net. Der wurdt noch drok praat oer de takomst fan De Hege Warren, mar de aksjegroep wol der graach op tiid by wêze om noch wat betsjutte te kinnen.

Toeristyske plannen

Houtsma: "Wy hawwe in rekreaasjegebiet op De Feanhoop dat útwreide wurdt, wy hawwe it plan Aldegea oan it wetter. Fryslân moat it hawwe fan de toeristyske sektor. Moatte wy dan hjir in grut kanaal trochhinne fleane litte mei alle gefaren derby?"