Minder Dútske toeristen op de eilannen, mar dochs falt de skea ta

24 jul 2021 - 08:37

It is drok op It Amelân, mar dit jier net mei Dútske toeristen. Troch de strangere ynreisbeheiningen komme der minder Dútsers op it eilân, mar omkeard lûke Nederlanners ek minder nei it bûtenlân. Dêrom tinkt VVV Ameland dat de skea tafalt.

Hollum op It Amelân - Foto: Shutterstock.com (Nancy Beijersbergen)

Minsken dy't fan tiisdei ôf nei Dútslân wolle, hawwe te krijen mei strangere regels. Nederlân stiet dan op de Dútske list fan lannen mei in heech risiko op it coronafirus. Dat betsjut dat Nederlânske reizgers dy't noch net folslein faksinearre binne, fiif dagen yn Dútslân yn karantêne moatte. Mei as útsûndering de minsken dy't trochreizgje.

Ek de net folsein faksinearre Dútsers moatte yn karantêne as sy weromkomme út Nederlân.

Dochs net folle ôfsizzingen

Dochs ferwachtet direkteur Cinto Prosperi fan de VVV op It Amelân net in soad ôfsizzingen fan ús Eastlike buorlju. Dêr binne meardere redenen foar, sa leit Prosperi út.

"Normaal gesproken hebben we in de zomer veel Duitse gasten, maar na de coronaregels vorig jaar hebben we in 2020 veel annuleringen gehad. Duitsers waren daardoor meer aarzelend om voor deze zomer te boeken," sa seit de direkteur.

Nederlanners nimme plakken oer

Dy plakken giene wer faak nei Nederlanners. "Waar normaal zo'n 30 procent van de overnachtingen door Duitsers bezet wordt, zitten we nu op zo'n 10-12 procent. Als dat gedeelte af zou zeggen, valt de schade ook nog wel mee. De boekingen die vrijkomen zetten we via last minutes heel snel weer weg. Want omgekeerd aarzelen Nederlanders ook om naar het buitenland te gaan. Dus als er beschikbaarheid is, wordt die snel weer opgevuld door Nederlanders."

Wifeling

Ek op oare punten is der wifeling. "Je ziet dat ook dat de wat oudere en volledig gevaccineerde gast op dit moment even afwacht. En heeft men jongere kinderen of is men nog niet volledig gevaccineerd, dan moet men getest worden. Dat kan gewoon op het eiland, maar je ziet alsnog dat mensen aarzelen."

Direkteur Cinto Prosperi fan de VVV op It Amelân

De annulearringen dy't der wol kamen, binne benammen foar it twadde part fan augustus. "Want als je op dit moment annuleert moet je bij de meeste verhuurders een gedeelte van de kosten betalen. Als het nog langer duurt, dan kun je wat goedkoper annuleren."

Groepsferbliuwen

Dochs jubelje net alle sektoaren. Prosperi: "Een belangrijke uitzondering zijn wel de groepsverblijven. Die sector heeft een paar verloren jaren, want mensen wagen zich nog niet aan het reizen met groepen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)