Oergong tusken Waad nei lân minder hurd op Skiermûntseach

24 jul 2021 - 07:43

Der wurdt sjoen oft it ek mooglik is om de stoartstien oan de ûnderkant fan de Waaddyk op Skiermûntseach fuort te heljen. De stiennen lizze tusken de feardaam en de jachthaven. Sy soargje foar in hurde oergong tusken Waad en lân dy't bytiden it fûgellibben yn de wei sit.

De stoarstien tusken Waad en seedyk op Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân

Doe't de eilânbewenners meiprate koene, wie it fuortheljen fan de stiennen it earste wat der sein waard. Mar it is net de iennige opsje, seit Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten: "It giet wol om de feiligens fan it eilân en it is hjir wol de wichtigste wetterkearing. Dy stoartstien kin mooglik wol fuort. Mooglik komme der wol gatten yn of is der wol in oare wize fan oergong te finen."

Wij en Wadvogels

It is ûnderdiel fan in folle grutter, lanlik projekt fan Vogelbescherming Nederland: Wij en Wadvogels. De stiennen kinne piken helpe te skûljen foar gefaar, mar der rûgelje ek wolris piken tusken de stiennen dy't der net mear útkomme kinne.

Fargeul

Op Skiermûntseach soe it kombinearre wurde kinne mei in dykferheging en de oanlis fan fûgeleilannen om de lytse kwelder by de jachthaven wat grutter te meitsjen. Soks kin mei it slyk dat elts jier frijkomt by it baggerjen fan de fargeul nei de jachthaven en wurdt in proses fan jierren.

Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten

Zwart: "Dat binne dan fûgeleilantsjes dy't derfoar soargje dat wy dy grins tusken dat hiele hurde stien en swiet en sâlt fersêftsje kinne."

De lytse kwelder by de jachthaven soe útwreiden wurde moatte - Foto: Omrop Fryslân

It binne net de ienige fûgeleilantsjes dy't der mooglik komme. De Westerplas mei swiet wetter wurdt hieltyd ûndjipper. As dy baggere wurdt, kinne mei dat materiaal ek nije fûgeleilannen makke wurde op dat plak.

Oergong Waad nei lân minder hurd op Skiermûntseach

(Advertinsje)
(Advertinsje)