Judoka Tornike Tsjakadoea grypt krekt neist it brûns op Olympyske Spelen

24 jul 2021 - 13:15

Judoka Tornike Tsjakadoea hat op de Olympyske Spelen krekt gjin brûnzen medalje wûn. Yn de klasse ûnder 60 kilogram ferlear de berne Ljouwerter de striid om it brûns fan Yeldos Smetov út Kazachstan.

Foto: Orange Pictures

Yn de earste ronde moast Tsjakadoea tsjin Amartuvshin Dashdavaa út Mongoalië. In swiere lotting foar de Fries. Dashdavaa hie ferline jier noch in grutte wedstriid wûn, de Grand Slam yn Parys, mar Tsjakadoea pakte de winst nei Golden Score.

Gigastunt mei winst op nûmer ien

Ek yn de twadde ronde trof Tsjakadoea it net mei de lotting. Hy moast tsjin Robert Mshvidobadze fan Ruslân. Mshvidobadze is de nûmer trije fan de wrâld, twafâldich Europeesk Kampioen en de nûmer ien fan de pleatsingslist, mar Tsjakadoea pakte al gau in skoare mei in waza-ari en de Rus koe gjin skoare mear pakke.

Tsjakadoea stuntte dus mei in plak yn de kwartfinale.

Yn de kwartfinale moast hy tsjin Yung Wei Yang út Taiwan. Tsjakadoea is sels de nûmer tolve fan de wrâld, Yang de nûmer âlve. Tsjakadoea ferlear it duel op ippon. Dêrtroch kaam hy telâne yn it skema fan de twadde kânsen.

Striid om it brûns

Dêryn naam hy it earst op tsjin Artem Lesiuk fan Oekraïne, de nûmer 25 fan de wrâld. Dy partij wûn hy al hiel gau mei in ippon.

Yn de wedstriid om it brûns naam Tsjakadoea it op tsjin de Kazach Yeldos Smetov. De Fries like oan de winnende hân, mar yn de 'golden score' krige Tsjakadoea in skoare tsjin troch yngripen fan de fideoskiedsrjochter.

'Foutje'

"Door één klein foutje was het over. Hij stond op twee straffen en de derde straf zat eraan te komen. In de golden score wilde ik een worp maken, maar ik werd overgenomen. Een foutje van mij", seit Tsjakadoea nei de wedstriid.

"Direct na het gevecht was ik echt helemaal kapot, maar ik kan terugkijken op een goede dag. Ik heb de beste versie van mezelf laten zien", sa seit de Fries.

Nije wike komt Tsjakadoea noch yn aksje op it teamûnderdiel. "Het is niet moeilijk hier nog te blijven. Ik wil de anderen gaan aanmoedigen, net als dat ze bij mij hebben gedaan. We zijn één team. En volgende week gaan we met zijn allen vechten."

Tornike Tsjakadoea oer syn olympyske dei

(Advertinsje)
(Advertinsje)