Epke Zonderland definityf útskeakele foar olympyske finale

24 jul 2021 - 09:27

Epke Zonderland is der net yn slagge om de finale te heljen mei de Olympyske Spelen. Hy krige fan de sjuery net in goeie skoare en sit dêrtroch net by de bêste acht op it ûnderdiel rekstôk.

Foto: ANP

Zonderland wie yn it foar net wis oft hy in goeie oefening delsette koe. Hy koe fanwege sûnensklachten net goed traine. Dochs hat hy net in minne oefening delset. Hy die trije flechteleminten, wêrfan't twa fuort efter inoar.

Zonderland like fuort nei de oefening ferromme, mar by it sjen fan de skoare wie hy minder tefreden. Hy krige in skoare fan 13.833. De skoare foar de dregens wie 6.300 en de skoare foar de útfiering 7.533. Der waarden flink wat punten ôflutsen, ûnder oare troch in minne ôfsprong.

"Dit jout in dûbeld gefoel"

"It jout in dûbeld gefoel. It is eins net normaal dat ik dizze oefening die, om't ik mei de training dizze oefening net dwaan koe. Mar it is ek frustrearjend, om't je net in hiel fatsoenlike oefening delsette kinne. Dan sit je yn totaal op in heale punt ôftrek. As je fit binne, dan hawwe je dy gewoan," sa ferklearre Zonderland tsjin de NOS.

Ik kin my net yntinke dat der net acht turners binne dy't oer myn skoare hinne gean.

Epke Zonderland

Zonderland: "Je hawwe in 14-plus skoare nedich, ik kin my net yntinke dat der net acht turners binne dy't oer myn skoare hinne gean." Sa seach Epke al fuort nei syn oefening dat syn skoare net goed genôch wie.

De oare Nederlânner, Bart Deurloo, sette in skoare del fan 14.400 en dêrmei is er wis fan de finale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)