Roeister Clevering wis fan de finale: Van der Bij foar twadde kâns

24 jul 2021 - 06:12

Ymkje Clevering hat har mei de fjouwer sûnder stjoerfrou pleatst foar de finale. Yn harren race wiene se oppermachtich en pakten se de winst mei grutte foarsprong. Jan van der Bij waard mei syn boat tredde en moat fia in twadde kâns besykje de finale te heljen.

Krekt foar it Europeesk Kampioenskip yn Varese, Italië - Foto: Merijn Soeters

De Nederlânske boat wie fierwei de bêste yn harren heat. Nei 500 meter pakte Nederlân in lytse foarsprong op de Britten. Sina stie op de helte twadde mei 1.33 sekonden efter de boat fan Clevering. Op 1.500 meter wie dy foarsprong goed trije sekonden en op de finish wie it gat fiif sekonden.

Sina waard twadde en is ek wis fan de finale. Kanada waard tredde, Grut-Brittannië fjirde en Poalen lêste.

De finale is woansdei 28 july om 2.50 oere. Yn de oare heat sette Australië in nij olympysk rekôr del. Australië is krekt as Ierlân, Sina en Nederlân wis fan de finale. Dêr komt fia de twadde kânsen noch ien boat by.

Jan van der Bij nei twadde kâns

De fjouwer sûnder stjoerman mei Jan van der Bij helle de finale net streekrjocht. Se waarden tredde en moasten by de earste twa eindigje om harren fuort te pleatsen. Snein 25 july is de race foar de twadde kâns om 6.10 oere.

Australië wie oppermachtich yn harren heat. Nei 500 meter wie der al in grutte efterstân op Australië, mar de oare boaten leine noch ticht byinoar. Nederlân stie fjirde nei 500 meter.

Nei de helte (1.000 meter) wiene de Australiërs echt útrûn, mar de striid om it twadde plek wie noch dreech tusken Roemenië, Amearika en Nederlân. Súd-Afrika lei wol in stik efter Nederlân.

Nei 1.500 meter rûn Amearika ek út en wie Nederlân allinnich noch yn striid mei Roemenië om it tredde plak. Dy striid wûn Nederlân, mar tredde is net genôch foar de finale.

(Advertinsje)
(Advertinsje)