Sherida Spitse is werom út Japan: "Het herstel begint maandag"

23 jul 2021 - 22:23

Sherida Spitse is werom yn Nederlân. De Snitser fuotbalster fan Oranje mist de Olympyske Spelen mei in blessuere. Woansdei siet se noch op de tribune as supporter fan har ploechgenoaten, no begjint har refalidaasje.

Sherida Spitse - Foto: NOS

"Het was zwaar toen ik wegging", seit Spitse tsjin de kamera fan de NOS. "Maar de meiden hebben vandaag weer goed getraind, dus ik heb er alle vertrouwen in."

Op Schiphol waard se opwachte troch ûnder oare har frou Jolien. En soan Jens hie wat meinaam foar Spitse: "Ik heb een pizza. En daar staat ook een ballon voor jou."

Blessearre oan de knibbel

Spitse rekke moandei yn Japan blessearre op de training. "M'n binnenband is ingescheurd. Daar staat vier tot zes weken voor. Het herstel begint maandag."

Sûnder Spitse wûn Oranje woansdei de earste wedstriid mei 10-3 fan Sambia. "Ze kunnen het nog steeds zonder mij. Tuurlijk, er valt wel wat weg. Ik heb wel een belangrijke rol binnen de ploeg, zowel binnen als buiten het veld. Maar goed, dat wordt weer opgevangen."

Oranje sneon wer

No sit der noch ien Friezinne by de seleksje: Sisca Folkertsma fan Sleat. De Oranje Liuwinnen spylje sneon har twadde pûlwedstriid, om 13.00 oere tsjin Brazilië.

(Advertinsje)
(Advertinsje)