Skûtsjeskipper Harmen Brouwer dochs op it wetter by Grou: boete foar te hurd farren

23 jul 2021 - 22:16

Hy hie dit wykein oan de start stean sild fan it SKS-kampioenskip yn Grou. Dat giet net troch, mar skûtsjeskipper Harmen Brouwer fan Langwar wie der wol: hy krige der freed in boete foar te hurd farren.

Harmen Brouwer mei syn dochter op it wetter - Foto: Harmen Brouwer

Sneon soe de start wêze fan de SKS. Nei driuwend advys fan de boargemasters besleat de SKS oardel wike lyn dat der dit jier net syld wurde kin.

"In fette teloarstelling", sei Brouwer doe. "It is hielendal waardeloas. We binne strâne yn it sicht fan de haven. Dat is hielendal kut."

Brouwer wachtet noch hieltyd op syn debút as skipper yn de SKS. Sûnt desimber 2019 is er de skipper fan Langwar, mar al twa jier op rige giet it kampioenskip yn de SKS net troch.

No hat er wol tiid foar oare saken: Brouwer wie op it wetter by Grou mei syn dochter, skriuwt er op Twitter. "Achter een luchtballon aan!" Dêrby gong er te hurd, en dêrom krige er in boete fan 95 euro. "Ik slaap er geen nacht minder om."

(Advertinsje)
(Advertinsje)