QR-koade foar tagong PC smyt problemen op: "Wat in burokrasy!"

Publyk dat op 4 augustus de 168ste PC op it Sjûkelân yn Frjentsjer bywenje wol, moat by de yngong in jildige QR-koade sjen litte. It oanmeitsjen fan sa'n QR-koade hâldt lykwols noch hiel wat yn. Dêrom koenen minsken freedtemiddei terjochte by in spesjale helpdesk yn it Keatsmuseum.
QR-koade foar tagong PC smyt problemen op
It coronafirus soarget derfoar dat ek de PC net ûntkomt oan maatregels. Sa moat publyk dat by de wichtichste keatswedstriid fan it jier wêze wol folslein faksinearre wêze, negatyf teste, of resint besmet mei it firus wêze. Om dat oantoane te kinnen, moatte minsken in QR-koade oanmeitsje, mar dat is net ienfâldich.

Gjin smartphone

Carina Twerda fan it Keatsmuseum besiket in man te helpen dy't al jierren op de PC komt. "Us generaasje sit miskien de hiele dei op 'e telefoan, mar dat docht fansels net eltsenien. Dan is it gewoan dreech." De man hat gjin smartphone en ek gjin DigiD, dy't nedich is foar it oanmeitsjen fan in koade.
Wy hawwe al sein: we sitte hjir folgjende wike wer. Minsken moatte gewoan nei de PC kinne.
Carina Twerda fan it Keatsmuseum yn Frjentsjer
© ANP
It is sels sa dreech dat de minsken fan de helpdesk it net yn in middei allegear oplosse kinne. "Wy hawwe al sein: we sitte hjir folgjende wike wer. We hawwe mear tiid nedich. Minsken moatte gewoan nei de PC kinne. Dizze man mist gjin keatswedstriid, dan soe it spitich wêze as hy net nei de PC kin", seit Twerda fûl.
Jan Bosgra fan de PC ûnderfynt ek dat it net maklik is: "Om in papieren tagongsbewiis op te freegjen haw ik in helpdesk belle, mar dy ferwiist je troch nei de GGD. De GGD ferwiist my troch nei Bûtenlânske Saken en fan Bûtenlânske Saken krij ik te hearren dat it 10 dagen duorret."

Alternatyf

Mocht it net slagje mei it oanfreegjen fan in QR-koade, dan is it alternatyf dat minsken harren in dei yn it foar teste litte. "Dat is hiel ferfelend: de minsken binne al twa kear inte, mar mei in negative test kinne je wol in koade krije. Mar ja, foar in testôfspraak hawwe je ek wer sms en alles nedich."
In man hat suver te dwaan mei de minsken fan de helpdesk: "Ik fyn it sa sneu foar de minsken dy't alles foar ús foar elkoar meitsje moatte. Dy slagget it hast al net iens. Wat in burokrasy hawwe wy yn Nederlân!"