Fan toernoaiwinst nei brutsen pink: seizoen Sander Arends is foarby

23 jul 2021 - 18:53

Ofrûne wykein wûn er noch foar it earst yn syn karriêre in ATP-toernoai, no is syn seizoen dien: de Ljouwerter tennisser Sander Arends hat syn pink brutsen.

Sander Arends - Foto: Orange Pictures

Op it toernoai yn Gstaad krige Arends woansdei in hurde bal presys op de pink fan syn linkerhân. Hy hie in soad pine en moast opjaan. Freed wie Arends by de hânspesjalist yn Nederlân en dêr krige er it minne nijs: in brutsen pink.

Dit is sportief en financieel een drama.

Sander Arends nei syn blessuere

"Het is het worst case scenario", omskriuwt Arends it nijs. "Het is een compliceerde breuk, dus ik moet geopereerd worden. Daarna volgt een revalidatie van tien tot twaalf weken." Arends moat kommende tiisdei ûnder it mes.

It komt dus troch de hurde ympakt fan de smash tsjin de pink. "Dit is sportief en financieel een drama."

Krekt nei toernoaiwinst

Hy krijt it nijs in lytse wike nei't er mei syn dûbeldmaat David Pel foar it earst in ATP-toernoai wûn. Dat die er yn it Sweedske Båstad. Arends hie al wol trije kear in finale helle op ATP-nivo. Gewoanwei spylje Arends en Pel ien nivo leger.

(Advertinsje)
(Advertinsje)