Hearrenfean ferliest noardlike oefenderby fan Grins

23 jul 2021 - 18:03

Yn in oefenwedstiid fan fjouwer kear in healoere hat SC Hearrenfean de noardlike derby tsjin FC Grins ferlern. It waard 2-1 yn Rolde.

Rodney Kongolo en Ahmed el Messaoudi - Foto: Orange Pictures

Yn it earste healoere waard wol skoard oan beide kanten, mar dy goals telden net: Henk Veerman stie foar de Friezen bûtenspul doe't er de bal yn it net lei, Romano Postema die foar Grins itselde.

Wessel Dammers kopte Grins nei goed fjirtich minuten spyljen op foarsprong. Hast ferdûbele Postema de marzje oan de ein fan it twadde kwart, mar hy skeat tsjin de latte.

Twa goals út corners

Yn it tredde kwart skoarde Hearrenfean ek mei in kopbal. De Poalske ferdigener Pawel Bochniewicz kopte in hoekskop fan Joey Veerman tsjin de touwen. Hearrenfean koe dy likense stân net fêsthâlde. Ut in corner fan Ramon Pascal Lundqvist gong Jörgen Strand Larsen de loft yn, mar de bal foel fia in Hearrenfean-spiler yn it doel.

Beide ploegen, dy't in soad wikselen yn it lêste healoere, kamen dêrnei net mear ta skoaren.

By Hearrenfean makke nije oanwinst Sven van Beek syn earste minuten yn it blau-wite tenú mei pompeblêden.

Johnny Jansen

It wie de fiifde oefenwedstriid fan SC Hearrenfean yn tarieding op it nije seizoen. Earder wûn de ploech fan Johnny Jansen fan Jong FC Utrecht (3-1) en TOP Oss (3-2), spile de ploech lyk tsjin KV Kortrijk (2-2) en waard ferlern fan Maccabi Tel Aviv (0-2).

Oare wike sneon oefenet Hearrenfean tsjin PEC Zwolle. De earste kompetysjewedstriid is op freed 13 augustus, út tsjin Go Ahead Eagles.

(Advertinsje)
(Advertinsje)