Tusken de oaljefanten of op safary: VR-bril helpt bern op spoedeaskjende help

23 jul 2021 - 19:29

Op de spoedeaskjende help (SEH) yn sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten wurdt de VR-bril ynset om spanning by bern fuort te heljen. Sa wurde ûndersiken, bloedprikken of in echo minder spannend foar de bern. Ek fernimme se dan minder pine.

Anne Marin seach fan alles, fan in luchtballon oant helikopters:

Bern fan 5 jier en âlder kinne gebrûk meitsje fan de bril. Sy kinne sels útsykje wat se sjen wolle. Sa kinne de bern bygelyks tusken de oaljefanten op safary of nei in natuergebiet yn Antarktika. Ek kinne se spultsjes dwaan.

SEH-ferpleechkundige Margreet Westra fertelt hoe't de VR-bril wurket: "Bern komme hjir hast altyd ûnferwachts en ha dan in stik spanning by har. Sy ûnderfine pine en binne benaud foar it ûnbekende, dan is it moai dat wy dy fokus ferlizze kinne en de bern meinimme kinne yn in wrâld fan 3D-bylden, lûd en 360 graden om har hinne."

Anne Marin mocht de bril teste: "Sjochst in hiel oare wrâld, allegear oare dingen: in luchtballon, in helikopter."

It is net allinne it bern dat spanning ûnderfynt, ek de âlden.

SEH-ferpleechkundige Margreet Westra

De meiwurkers fan it sikehûs ha in tablet wêrmei't se meisjen kinne mei it byld. Ek de âlden en bruorkes of suskes kinne meisjen op de tablet. "Bern reagearje entûsjast, en net allinne de bern, mar ek de âlders. Want it is net allinne it bern dat spanning ûnderfynt, ek de âlden."

By klachten as epilepsy of dûzeligens wurdt it ôfret om de bril te brûken, fanwege de prikkels.

Positive ûnderfining

It doel is net allinne om de pine en spanning op it stuit te ferlichtsjen, mar ek om de assosjaasje mei it sikehûs te ferbetterjen. "Wy hoopje dat de fokus dan ferlein wurdt nei wat positivers, en dat de bern mei in positive ûnderfining Nij Smellinghe ferlitte."

Anne Marin test in VR-bril út (sy leit net op de SEH, mar mocht wol de VR-bril op) - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

De SEH docht de kommende tiid ûndersyk nei de wearde fan virtual reality by behannelingen fan bern. "We dogge in pilot fan trije moannen ûnder bern, om te sjen wat oft de mearwearde is. Mei dy ûnderfining hoopje wy it úteinlik ek út te rôljen nei folwoeksenen."

Der binne yn it sikehûs al oare middels om pasjinten te helpen, sa as telefyzje of muzyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)