Elmar Kuiper mei ferhaal en gedicht opnij yn de prizen by Rely Jorritsma

De sjuery fan de Rely Jorritsmapriis, dy't dit jier foar de 67ste kear útskreaun is, hat trije ferhalen en trije gedichten bekroand. Elmar Kuiper fan Jorwert wûn in priis foar sawol in ferhaal as in gedicht.
Elmar Kuiper © Piet Douma
De Jorwerter Elmar Kuiper krige foar syn ferhaal 'In frjemde fûgel' en foar syn gedicht 'Ferlosboartsje' in priis. Ferline jier en yn 2019 wûn Kuiper ek al in rely.
De ferhalen 'Crossroads' fan Gerrit Hoekstra (Winsum) en 'Op frijersfuotten' fan Bregtje Sijtsma (Aviemore, Skotlân) waarden ek bekroand. Datselde jildt foar de gedichten 'In healsliten aureooltsje' fan Fedde Dijkstra (Ljouwert) en 'it waad' fan Sytse Jansma (Harns).

Anonym hifkje

De Rely Jorritsmapriis is foar foar Fryske ferhalen en gedichten. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en bekroant maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro. De sjuery foar 2021 bestie út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven.
Dy krigen dit jier 97 ynstjoeringen: 34 koarte ferhalen en 63 gedichten.
Rely Jorritsma (1905-1952), berne yn Jellum, hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd.
De fiif winners moatte noch even wachtsje op harren prizen: dy wurde op sneon 2 oktober op it stedhûs te Ljouwert útrikt.