RIVM registrearret 126 nije besmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 126 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 28 minder as tongersdei, want doe gie it om 154 besmettingen.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 196 besmettingen meld. Tongersdei lei dat gemiddelde noch op 210, in wike lyn op 224.
De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert: 28. Dêrnei komme Súdwest-Fryslân (20), De Fryske Marren (14) en Waadhoeke (13).

Echt minder minsken besmet?

Oft it lege tal positive testen ek betsjut dat der echt minder minsken besmet binne, is de fraach. Troch problemen mei de testsystemen, wie it net altyd mooglik om in ôfspraak te meitsjen. Yn Fryslân binne de ôfrûne wike hast fiiftûzen minder testen dien troch de GGD as in wike earder.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, Der binne ek gjin nije sikehûsopnamen as gefolch fan it coronafirus.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Lanlik binne der 6.453 nije coronagefallen registrearre. Gemiddeld komme der alle dagen 8.083 besmettingen by yn Nederlân.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.