Omrop TIP: 'Studio Tokio' praat dy by oer de Olympyske Spelen

23 jul 2021 - 14:18

De Olympyske Spelen sette útein en oant en mei 8 augustus is it sportevenemint alle dagen te folgjen by Omrop Fryslân. Dat dogge wy mei Studio Tokio: yn dizze sportrubryk prate ferslachjouwers Roelof de Vries en Lars de Leeuw dy by: om 7.45 oere en om 12.45 oere op Omrop Fryslân-radio en as it nedich is tusken de oare programma's.

Studio Tokio - Foto: Omrop Fryslân

Eltse moarn skoot om 7.45 oere ien fan ús ferslachjouwers oan. Tusken de middei prate wy dy om 12.45 oere by en yn alle oare programma's kinne ús sportferslachjouwers ynbrekke as der bygelyks in medalje wûn is. As der ynbrutsen wurdt, is de Olympyske gong te hearren.

Jillert Anema en Thomas Sijtsma

Sy hawwe petearen mei reedrydcoach Jillert Anema en sportsjoernalist Thomas Sijtsma (Trouw, Parool en De Muur, skriuwer fan Het Beest, Het wielerleven van Lieuwe Westra) oer opfallende mominten, teloarstellingen en winsten.

Ald-Olympiërs

Fierder is der in rubryk mei in âld-Olympiër: Omrop Fryslân sjocht werom op harren prestaasjes yn it ferline. "Ik naam de list fan âld-Olympiërs troch en kaam op flink wat nammen wêrfan't ik tocht: ik kin dizze sporter eins hielendal net," sa fertelt sportferslachjouwer Roelof de Vries.

"Herman en Henk Rouwé bygelyks. Twa bruorren dy't yn de jierren 60 en 70 meidien hawwe. Mar ek gouden medalje-winners lykas Richard Schuil. Hoe is it dêr no mei? It wie wol aardich om ris te hearren wat se no dogge." Mar der wurdt net allinne efterom sjoen, mar ek foarút: wy prate dy by oer alles wat der barre sil op de Spelen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)