GGD sjocht geunstiger byld: tal coronagefallen yn Fryslân stabilisearret

GGD Fryslân sjocht it tal nije coronabesmettingen yn Fryslân stabilisearjen. It gie de ôfrûne wike om 1.468 positive testen, in wike earder wie it der krekt ien minder. "Na twee weken van explosieve stijging lijkt het er nu wat gunstiger uit te zien," seit Paul Tan fan de GGD. "Maar we moeten even afwachten of dit ook doorzet."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Sûnt dizze wike is it mooglik om in twadde prik fan Phizer of Moderna al nei 28 dagen te krijen. Earder wie dit 35 dagen. Dy betidere prik jildt wol allinne foar nije ôfspraken, minsken dy't al in ôfspraak hiene kinne dy dus net nei foaren helje. Jongelju oant 18 kinne dat wol, sy kinne de ôfspraak fersette en sels de twadde prik nei 21 dagen al krije.

Prikken en testen weromrûn

Yn de ôfrûne wike binne der 39.666 prikken set, in wike earder wiene dat 44.622. It oantal coronatesten dat dien is, rûn yn de ôfrûne wike werom fan 13.004 nei 8.385. Oft dat te krijen hat mei de ddos-oanfallen op it systeem fan de GGD, doart Tan net te sizzen. "Het is wel heel vervelend voor mensen die een test willen aanvragen."
Paul Tan fan GGD Fryslân