Olympysk judoka Tsjakadoea: 'Ik gean mei in Fryske flagge it poadium op'

23 jul 2021 - 12:39

Hy waard berne yn in azc yn Ljouwert en ferhuze doe't er 4 wie nei Drachten: Tornike Tsjakadoea. Syn Georgyske âlden koene doe't er 16 jier âld wie, wurk krije yn Amstelveen en dus moast er de provinsje Fryslân efter him litte.

Tornike Tsjakadoea werom wêr't it allegearre begûn:

Krekt foar de Olympyske Spelen fûn Tsjakadoea tiid om noch ris del te gean by Sportschool Ebert yn Drachten. "Het begin na de verhuizing was wel moeilijk", seit âld-trainer Marco Oord op de matte dêr't Tsjakadoea syn earste worpen learde. "Dat vertelde je moeder ook. Je wilde graag weer terug."

"Ik had wel een beetje heimwee", befêstiget de 24-jierrige judoka. "Het grootste gedeelte van mijn leven heb ik hier (in Drachten, red.) gewoond, dus dat is ook wel logisch."

It fuortgean fan Tsjakadoea betsjutte foar Oord dat er syn bêste judoka kwytrekke, want de judoka mei Georgyske roots pakte de iene nei de oare priis. "Dat is fansels hiel spitich. Wy hawwe jierren gearwurke. Hy wie 16 jier, dan begjint it eins in bytsje en dan op it momint dat it komme moat, dan giet er fuort", seit Oord.

Ferfier

Dat er sa goed wie, dat er sels de Olympyske Spelen helje soe, seagen sy doe noch net fuortendaalks. "Dat is grandioas, fansels. Super!", seit Tamme Hofstee, dy't mei as begelieder en sjauffeur heal Europa troch west hat mei Tsjakadoea.

Yn syn begjinperioade hie er der op trainen net altyd nocht oan, mar hy hat trochset.

Tamme Hofstee, âld-begelieder en -sjauffeur fan Tsjakadoea

Hofstee syn soannen sieten ek op judo. Tsjakadoea hie faak gjin ferfier, om't syn âlden wol gauris yn it wykein wurkje moasten. "We hadden het niet breed thuis", seit Tsjakadoea. "Dan naam ik him faak mei. Sa hawwe we op in hiel soad plakken west."

"Ik haw him fan jongs ôf meimakke en haw him allinnich mar groeien sjoen. Yn syn begjinperioade hie er der op trainen net altyd nocht oan, mar hy hat trochset. It hat in hiele moaie reis west", seit Hofstee. In reis dy't Tsjakadoea no bringt nei de Olympyske Spelen yn Tokyo.

Foto: Omrop Fryslân

"Het is natuurlijk fantastisch dat je daar bent gekomen", seit Tsjakadoea. "Maar ik kom er niet alleen maar om mee te doen en mijn ticket op te halen. Ik ga echt naar Tokio om voor een medaille te vechten."

De judoka mei Georgyske roots hie lykwols net de meast optimale tarieding op de Spelen. Krekt foar it EK krige er in coronabesmetting. Dêr is er, nei eigen sizzen, yntusken goed fan better wurden, mar op syn earste en iennige toernoai nei syn besmetting, it WK fan ôfrûne moanne, wie er al nei ien partij klear.

"Niet verwacht"

Dat is fansels net goed foar it betrouwen, sa flak foar de Spelen. "Ik had al drie keer van die jongen gewonnen, maar blijkbaar had hij deze keer een andere tactiek. Ik ging er met een waza-ari en een ippon vanaf. Dat had ik echt niet verwacht."

"Toen ik van de mat af kwam dacht ik wel: wow, dit is wel heel apart. Daarna heb ik met mijn coach gesproken en dan is het gewoon achter je laten, focus op de Spelen en nog één kans", seit de Fryske judoka.

Fideoboadskip

Foar de lytse reüny op de tatami yn Drachten wie ek âld-judomaat Rutger Visser útnûge. Hy koe der lykwols net by wêze, mar hie yn in fideo noch wol in boadskip foar Tsjakadoea.

"Ik wol dy op dizze wize in hiel soad sukses tawinskje op de Olympyske Spelen. Dat doch ik ek út namme fan myn famylje", is te hearren yn de fideo. Visser en Tsjakadoea judoën eartiids tegearre op in heech nivo. Yn dy tiid makken se de ôfspraak om as ien fan harren de Spelen helje soe, in Fryske flagge mei te nimmen.

Op het podium haal ik de Friese vlag uit mijn jas.

Tornike Tsjakadoea

"Mar no haw ik heard datsto noch gjin Fryske flagge hast, dus ik wol by dizze ús Fryske flagge oan dy oerlangje", seit Visser. "Ik hoopje datst him heech hâlde meist. Kop derfoar, bliksem!"

Tsjakadoea is sichtber ferrast troch syn âlde maat. "Dit is natuurlijk erg speciaal", seit er. "Ik neem hem zeker mee. Als ik op het podium kom, haal ik hem zo uit mijn jas. Die afspraak staat."

Wannear komt Tornike yn aksje?

De klasse ûnder 60 kilogram foar de manlju stiet al op de earste dei fan it judotoernoai op it programma. Dat betsjut dat Tsjakadoea op sneon 24 july yn aksje komt. Foar de eliminaasjeronden en de kwartfinales moat Fryslân lykwols wol efkes de wekker sette, dy stean nammentlik pland tusken 04.00 en 07.30 oere.

De medaljes wurde úteinlik ferdield tusken 10.00 en 12.40 oere op deselde dei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)