Simmerblog: Simmer yn Wierum

23 jul 2021 - 18:33

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed is Omrop Fryslân yn Wierum! Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:11
Noch in noflike dei en oant nije wike!

Dit is de ein fan dit simmerblog oer Wierum. Tank foar it folgjen.

Nije wike binne wy der wer. Oant dan!

18:10
Dit wie Simmer yn Wierum
17:22
Popkoar Gewoan Oars sjongt foar it hiele doarp

It hiele doarp stiet by ytkafee De Kalkman, dêr sjongt hjoed popkoar Gewoan Oars. Lucian Kingma is lid fan it koar: "Wy binne hast seis jier âld. De diriginte Marianne wie hartstikke entûsjast, sy woe graach in koar opstarte. Wy begûnen mei njoggen persoanen." Yntusken hat it koar sa'n tritich leden, wêrfan 't der hjoed tweintich ferskes opfiere.

Popkoar Gewoan Oars sjongt foar de Wierumers:

Knilles Yntema, eksploitant fan it ytkafee, fynt it moai dat it doarp hjir hjoed gearkomt: "It is altyd moai dat wy wat hawwe yn it doarp, it is moai dat je de eigen minsken efkes sjogge. Wy ha in mindere perioade efter de rêch, dat wy inoar net sjen koene. No't wy wer wat kinne is it prachtich, dêr dochst it foar."

16:48
Jierliks festival 'Vistival' kin net trochgean
Johannes Talma en Eddy Corton fan it Vistival - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

In groep manlju út Wierum organisearret al jierren it Vistival foar Wierumers en omjouwing. Op dy dei is der yn Wierum in keatswedstriid, wurdt der fisk bakt en ferkocht, en is der drinken en jûns muzyk. De opbringst fan it festival giet nei in goed doel.

Troch corona koe it ferline jier net trochgean, en ek dit jier is it net mooglik. De manlju hoopje dat it festival kommend jier wol wer trochgean kin. Neffens Eddy Corton en Johannes Talma is it altyd tige gesellich op it festival: "It giet de hiele dei troch, wy begjinne moarns om healwei tolven fisk te bakken en dat giet dan de hiele dei troch. En jûns in stikje muzyk derby."

Talma en Corton oer it Vistival yn Wierum

16:04
De skipperstrui fan Wierum

Eartiids hiene de skippers skipperstruien oan as se it wetter op gongen. Elts doarp hie wer in oar motyf, wêroan 't de skippers dan werkend wurde koene. De truien wurde al sûnt de Twadde Wrâldoarloch net mear breide, dochs hat Jan, de man fan Doetie, noch in skipperstrui mei it Wierumer motyf, om't dy letter foar it lokale shantykoar op 'e nij makke binne. As it winters kâld is, hat er 'm noch wol ris oan.

Doetie Prins fertelt oer de skiednis fan de skipperstruien

15:22
Makriel rikje yn 'e tún

Troch de lizzing oan de Waadsee sjochst de konneksje mei de see yn Wierum dúdlik werom. Der wurdt yn it doarp in soad fisk rikke en drûge by minsken thús. Jetze Prins rikket ek graach fisk. Dat docht er gewoan yn 'e tún en dat is gjin probleem: "Ik haw dêr in trúkje foar, dan moatte je de buorren út en troch ek in fiskje jaan."

"Der binne noch fiskers yn it doarp dy't mei in boat op de Noardsee fiskje of op it Waad," seit Prins. Sels is der gjin fisker. De fisk dy't er rikket, fangt er somtiden sels mei in angeltsje. "Ik helje it oars út Lauwerseach en ek wol út Urk, dêr haw ik famylje te wenjen."

Jetze Prins rikket makriel yn 'e tún

14:31
Jan Prins lit museumtsjerke Eben-Haëzer sjen

Sûnt 2003 hat Wierum in prachtich museumtsjerkje: Eben-Haëzer. Dit museumke is yn de eardere grifformearde tsjerke ynrjochte, nei't de famylje Bijlsma de tsjerke kocht en restaurearre. It Godshûs tsjinnet no as eksposysjeromte, in breed publyk kin der genietsje fan wikseljende útstallingen fan keunst en der wurde ek konserten en lêzingen hâlden.

Op dit stuit is de eksposysje 'Het fortuin van Fortuin' te sjen, mei skilderijen oer de natuer en omjouwing fan Noardeast-Fryslân. De skilderijen binne makke troch Henk Fortuin.

13:55
Libje yn in fiskershúske

Petra Zygmunt en har man hawwe yn 1997 in fiskershúske yn Wierum kocht foar de ferhier. Sy wenje der no. By it hûs binne allegearre ferwizingen nei it libben op it wetter werom te finen.

13:37
Noch mear keunst yn Wierum: Portretskilderes Thea Gerritsen

Se wennet mei har freon yn in klushûs yn Wierum. Thea Gerritsen is portretskilderes en komt fan Drinte, mar is hielendal tefreden yn Fryslân.

Portretskilderes Thea Gerritsen

13:15
NAM wol gas boarje yn de Waadsee
Willem Putter - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

De NAM hat plannen om tusken Ternaard en Wierum skeef nei in gasfjild ûnder de Waadsee te boarjen. Der is in soad te dwaan om de plannen, om't it njonken op de natoer ek ynfloed hat op de omlizzende doarpen. Foar de doarpen oan de Waadsee is dêrom jild frijmakke.

Der is 60 miljoen euro tasein, dy't ferdield wurdt oer njoggentjin doarpen oan de Waadseekust. "Dat is een lachertje, dat staat in geen enkele verhouding tot de opbrengst van het gas en natuurlijk niet de schade die het aanricht aan de Waddenzee", seit Willem Putter fan Wierum.

De plannen binne no fertrage troch in moasje yn de Twadde Keamer, dy't seit dat der gjin 'ûnomkearbere stappen' set wurde meie dy't it natuerlike karakter fan de Waadsee oantaaste. It doarp docht sa bot mooglik mei yn de petearen oer de gaswinning. "Wij doen mee aan de rijkscoördinatieregeling die is opgezet, daar hebben we een twintigtal vergaderingen over gehad. Dat is nu omgezet naar een omgevingscommissie, die gaat nu door met verdelen van eventuele centen die komen."

Willem Putter oer de plannen fan de NAM

Trefwurden: 
Wierum Simmer yn Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)