Feanster fytsfabrikant hat te lijen fan leveringsproblemen

Fytsfabrikant Accell Group hat yn de earste helte fan dit jier flink te lijen hân fan tekoarten oan ûnderdielen. It bedriuw hat twa fêstigingen yn Nederlân, wêrfan't der ien op It Hearrenfean stiet. It komt troch taleveringsproblemen en soarget der ek foar dat de ferkeap fan fytsen en e-bikes ôfnaam.
It Batavusfabryk op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
Accell Group is it memmebedriuw fan fytsmerken as Batavus, Sparta en Babboe. Trochdat der oer de hiele wrâld fersteuringen binne yn de leverin, is de ferkeap ôfremme. Der wie in soad ferlet fan e-bikes, mar troch de tekoarten oan wichtige ûnderdielen is der seis persint minder ferkocht. Fan de tradisjonele fytsen is sân persint minder ferkocht.
Topman Ton Anbeek baalt fan de leveringsproblemen. Want nettsjinsteande de lockdowns en sletten fytsewinkels is de fraach nei fytsen tanaam.