Stânfries X docht opnij beurtfearten yn in jier mei al wer gjin eveneminten

Beurtfarder Stânfries X makket fan freed ôf wer tochten troch de provinsje. It skip die earder al fan dizze beurtfearten en ek yn 2021 is it tige wolkom. "Dit zijn twee magere jaren. Ik hoop dat het hierbij blijft, want we hebben wel activiteiten nodig om het schip in stand te houden," seit Nik Donker fan Stichting Museumhaven Leeuwarden.
© Wikimedia Commons
Foar de stichting is it al in skoft spannend, fertelt Donker. De grutte eveneminten, lykas de Admiraliteitsdagen yn Dokkum of Sail Amsterdam, binne der ek dit jier net. "Er is natuurlijk veel niet doorgegaan. Vorig jaar zouden we naar Sail Amsterdam toe, dat is toen ook al afgelast. Zo kan ik nog wel een paar dingen noemen."
Wol binne de coronaregels op dit stuit wer wat rommer as dat it earder wie. "Vorig jaar sloegen we de lunch aan boord over, nu zitten we wat ruimer in de coronaregels. We hebben aan dek alle ruimte, maar ook beneden. Dus we kunnen gewoon lunch serveren."

Flaggeskip

De Stânfries X is om 1910 hinne boud. It bysûndere skip soe yn 1997 hast sloopt wurde, mar doe is it skip kocht en opknapt troch in stichting. De Stânfries X heart no by it saneamde 'Varend Erfgoed' en is it flaggeskip fan Museumhaven Leeuwarden.
Nik Donker fan Stichting Museumhaven Leeuwarden