MFC De Kompenije foarearst rêden, mar Jobbegea moat it gebou mear brûke

23 jul 2021 - 06:48

Strukturele jildpine brocht de takomst fan it multyfunksjoneel gebou De Kompenije yn Jobbegea yn gefaar. As der foar 1 july gjin oplossing komme soe, dan siet der neat oars op dan de doarren te sluten. Mar safier is it net kaam. Ferskate partijen sitte no om tafel om oan in oplossing te wurkjen.

Foto: Google Street View

Foarsitter Jan Leistra is bliid dat der no efkes sykhelle wurde kin. "Je moatte der net oan tinke dat it gebou mei al dy foarsjenningen ticht moat." Yn it gebou sitte in skoalle, sporthal, biblioteek, dei-opfang foar âlderein, kantoarromte en berne-opfang. "Sa'n foarsjenning is foar Jobbegea wichtich: dêr kinne minsken inoar moetsje."

Foarsitter Jan Leistra fan De Kompenije

Der is no - yn elts gefal foar de koarte termyn - in oplossing. "Dat is regele troch yn petear te gean mei de gemeente en de ferhierder fan it gebou. Mocht it echt driigje dat yn novimber ús kas leech is, dan kinne sy tydlik byspringe sa't wy oan in oplossing foar de lange termyn fine."

It gebou moat mear brûkt wurde

Oer in oplossing is it bestjoer al drok mei dwaande, seit Leistra. "Troch mei de gemeene, ferhierder en brûkers te praten oer it finansjele ferhaal. Mar ek mei pleatslik belang, ferieningen en it doarp oer hoe't der mear libben yn it gebou komt. Dat moatte wy ek oantoane. It kin folle mear brûkt wurde as no."

Ein dit jier, begjin takom jier moat der sicht wêze op in permaninte oplossing, sa seit Leistra. "Oars wurdt it wer krityk, sa is it wol."

(Advertinsje)
(Advertinsje)