Kroanluchter bliuwt hingjen: "Zalen Schaaf blijft Zalen Schaaf"

De kroanluchter fan Zalen Schaaf bliuwt hingjen. De nije eigeners binne ta in oerienkomst kaam mei de âlde eksploitanten en eigeners oer de ynventaris fan it sealesintrum. De oanwêzige foarwerpen binne oernaam foar 20.000 euro.
© Omrop Fryslân
Der wie de ôfrûne tiid spul tusken de âlde útbaters en de winners fan it nije plan foar Zalen Schaaf. Mar nei in petear tusken de partijen die bliken dat se itselde doel hawwe: behâld fan Zalen Schaaf mei de karakteristike eleminten.
Zalen Schaaf blijft Zalen Schaaf: dat is altijd het belangrijkste doel geweest.
Jan Gaastra, Agora
De nije eigners en eksploitanten fan Zalen Schaaf, team Agora, binne bliid mei de oerienkomst. "Zalen Schaaf blijft Zalen Schaaf: dat is altijd het belangrijkste doel geweest", seit Jan Gaastra fan Agora.
Jan Gaastra
Troch de oerienkomst bliuwe, neist de kroanluchter, de barren en posters fan optredens en artysten sichtber yn de nije ynfolling fan it gebou.
Mijn vrouw en ik hadden er slapeloze nachten van, maar dit is voor ons genoegdoening.
Frans van den Borg, eigener ynventaris
De eigener fan de ynventaris, Frans van den Borg, is ek bliid mei de oplossing: "Mijn vrouw en ik hadden er slapeloze nachten van, maar dit is voor ons genoegdoening. We zijn blij dat het 1 minuut voor 12 nog opgelost is. Maar het had niet zo gemoeten en gehoeven."
Fan de gemeente hiene de eksploitanten in ultimatum krigen om it gebou leech te meitsjen. Ut panyk hawwe se doe besletten om de ynventaris fan Schaaf te feilen, seit Van den Borg. Mar troch de oerienkomst hoecht de feiling dy't no freed en sneon wêze sillen hie, net troch te gean. Van den Borg is tefreden mei it bedrach fan 20.000 euro dat er foar de ynventaris kriget, al is it "absoluut onder de prijs".
Frans van den Borg