Reisadviseur hat it drok: “Minsken rinne no tsjin in soad regeltsjes oan”

22 jul 2021 - 21:02

Moatst it yn dizze tiid mar oandoare: fuort op fleanfakânsje. Der binne in soad ferhalen fan minsken dy't dochs in lân net yn meie of op it fleanfjild posityf test wurde. In reisadviseur kin helpe.

Troch alle ekstra regeltsjes nimme minsken yn dizze tiid in reisadviseur yn 'e earm, dy't de folsleine fakânsje regelet. Sieds van der Veen fan Kollum is sa'n reisadviseur. Hy kriget al wiken in soad telefoantsjes.

"Der komme hieltyd mear klanten by my dy't foarhinne leaver sels harren reis boekten", fertelt Van der Veen. "Der binne meardere saken dêr't minsken tsjinoan rinne. Sa moatte jo faak yn it foar in coronatest dwaan en freegje guon lannen om ekstra formulieren. Dat kin foar de klant dreech wêze."

Reizen omboeke

Van der Veen kriget in soad fragen oer sinnefakânsjes nei Grikelân en Italië, want dy binne populêr. Dat jildt ek foar reizen nei Spanje, mar dat lân hat sûnt ferline wike kleurkoade oranje krigen. "Ik haw in hiel soad reizen omboeke moatten", neffens de Kollumer.

Foto: Omrop Fryslân, Mats Gies
Trefwurden: 
Kollum fakânsje reisadviseur
(Advertinsje)
(Advertinsje)