UPDATE: Ofspraak meitsje foar test en prik kin wer

De problemen mei it meitsjen fan ôfspraken foar in coronatest of -faksinaasje binne foarby. De oerkoepeljende organisaasje GGD GHOR melde tongersdeitejûn om sawat njoggen oere dat alles wer normaal is.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
In ôfspraak meitsje foar in coronatest of -faksinaasje wie dreech de lêste dagen. Troch in ddos-oanfal op in leveransier lei it hiele ôfspraaksysteem plat. Minsken koene ek net mei de DigiD-gegevens ynlogge.

Testútslaggen ek wer berikber

Der wiene tiisdei ek al meardere ddos-oanfallen, wêrtroch't de GGD-sites dreech te berikken wiene. Neist dat se gjin nije ôfspraak meitsje koene, koene minsken ek hast gjin testútslaggen besjen of earder makke ôfspraken ynsjen. De troffen leveransier fan it ôfspraaksysteem sil oanjefte dwaan.