Via Gladiola troch de Fryske greide: fjouwerdaagse mei in proteze

De kuierfjouwerdaagse yn Nijmegen kin foar de twadde kear op rige net trochgean fanwege corona. Der is in alternatyf: kuierje yn eigen omjouwing. Pietsje Hannema-Greidanus út Sint-Jabik docht mei. Mei in keunstskonk.
Pietsje Hannema-Greidanus
It fjouwerdaagsegefoel hat se net echt, fertelt se, wylst se oer it fytspaad by de greide del rjochting Sint-Anne rint. Laitsjend: "Mar hjir kinst genietsje fan de natoer en fan de rêst."
Yn 2007 krige Pietsje lêst fan de hakke. In frjemd gefoel dat se omskriuwt as it gefoel fan rinnen op watten, mar dan mei pine. Dy pine waard slimmer en slimmer en luts ek yn de knibbel. Pas nei trije jier waard in MRI-scan makke. Diagnoaze: kanker. It 'ûnkrûd' wie sa bot ferspraat dat Pietsje har linkerskonk amputearre wurde moast. De frou dy net stilsitte koe, bedarre yn in rolstoel: "Ik woe keatse, hurddrave en dûnsje."

Nije proteze

Rinnen wie net har ding, oant se benadere waard troch Tjarda Tromp fan it Radboud UMC: "Hy sei, goh Pietsje, liket it dy ek leuk om de Vierdaagse te rinnen? Ik tocht, wol leuk", seit se nonsjalant. Earst hie se in proteze mei in kûm dy't om de stomp hinne slút. Se koe der net mei oerwei en it soarge foar in soad ektra pine.
Se krige in nije klikproteze, dy't yn in bonke fêstsit. In útkomst. It rinnen learen op dy nije proteze wie in útputtingsslach, geastlik en lichaamlik. Topssport neamt se it sels, en leare fertrouwe op dyn knibbel, want dy fielt se net mear. Mar it wie de muoite wurdich. "De eigen frijheid weromkrije, dat wie myn drang. Nei in soad knokken en fjochtsjen is it slagge."

Vierdaagse betsjut in soad

Moandei begûn Pietsje mei in tocht fan 30 kilometer. Tongersdei stiet 20 kilometer op it program, foar freed miskien noch wol in ein. Se rint út har wenplak wei ûnder oaren nei Berltsum en Sint-Anne.
Pietsje hat de fjouwerdaagse fan Nijmegen fjouwer kear dien. De earste kear yn 2017 hat se de proteze foar it earst útprobearre. Se rûn doe fjouwer dagen 30 kilometer deis. De beide jierren dêrop hat se sels fjouwer kear 40 kilometer deis dien. De Vierdaagse betsjut in protte foar har.