Coronafirus libbet op yn Opsterlân en Smellingerlân

23 jul 2021 - 06:50

It wyktrochsneedtal coronabesmettingen is sawat like heech bleaun. Ferline wike wiene it 1.474 en ôfrûne wike leit it sifer op 1.471. De wike dêrfoar wie it wyksifer besmettingen folle leger: 232. Relatyf sjoen wiene de measte besmettingen yn Opsterlân en Smellingerlân.

De GGD-faksinaasjelokaasje op It Hearrenfean oan de Uhlweg - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De gemeente Ljouwert hat mei 264 de measte coronabesmettingen yn de ôfrûne wike. Dêrnei komt Súdwest-Fryslân mei 210 en Smellingerlân mei 180.

Opsterlân: omrekkene measte besmettingen

Op dit stuit is it tal besmettingen omrekkene nei it tal ynwenners yn de gemeente Opsterlân it heechst: 346 besmettingen op de 100.000 ynwenners yn in wike. As twad heechste gemeente stiet Smellingerlân mei 321 en dêrnei komme Skiermûntseach (317) en De Fryske Marren (312).

Ien stjergefal en fjouwer sikehûsopnamen

Yn de ôfrûne wike is ien Fries ferstoarn oan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan Opsterlân. Der binne fjouwer Friezen opnaam yn in sikehûs. It binne ynwenners fan Achtkarspelen, De Fryske Marren, Ljouwert en Opsterlân.

Yn totaal mear as 47.000 Friezen corona hân

Mei de 1.471 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 47.061 Friezen it coronafirus fêststeld.

It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân stiet op 480. It echter tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
16 july - 22 july 1.471 1
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)