Wurkleazens yn Fryslân nimt wer ôf, druk op de arbeidsmerk grutter

De wurkleazens yn Fryslân nimt hieltyd mear ôf. Dat docht bliken út ûndersyk fan it UWV. It liket op werstel nei de krisis, want de wurkleazens is no wer op it nivo fan foar de corona. De druk op de arbeidsmerk yn Fryslân bliuwt dan ek heech.
Wurkleazens yn Fryslân nimt ôf
It is in tsjinstelling dy't jo net ferwachtsje. We sitte middenyn in krisis, mar dochs hawwe in protte minsken in baan. It tal wurkleazens leit sels sa leech, dat it wer op it nivo leit fan foar de krisis.
"Wat wij nu heel erg zien is dat in de sectoren die het sterkst getroffen zijn door de crisis, zoals de horeca en de zorg, nu veel meer werk is," seit Marieke Schramm fan it UWV. Sy is as adviseur arbeidsmerk belutsen by fraach en oanbod op de arbeidsmerk. "Waar vorig jaar nog veel mensen door de crisis hun baan verloren, zijn we daar nu weer meer op ingespeeld. We krijgen steeds meer werk."
Marieke Schramm fan it UWV

Kearside moaie nijs

Mar it moaie nijs hat ek in kearside. Wurkjouwers kinne hieltyd minder personiel fine. De druk op de arbeidsmerk bliuwt dan ek heech. "Werkgevers zitten echt met de handen in het haar. Bij technische beroepen, zoals ICT, is er heel veel vraag, maar zijn er weinig werkzoekenden die aansluiten op die vacatures. De roep om vakbekwame mensen is het hoogst."
De útstjoerbedriuwen fernimme de krapte ek
Dy rop fernimme sy by de útstjoerbedriuwen ek. "It duorret hieltyd langer om in bepaalde posysjes yn te foljen", seit Remco Bouwhuis. Hy wurket by in útstjoerbedriuw dat spesjalisearre is op de technyk. "We kinne noch oan de fraach foldwaan, mar it kin somtiden wol langer duorje."
De oplossing foar it probleem is neffens Bouwhuis simpel. "Jo moatte learlingen entûsjast meitsje foar it fak. Wy krije hjir learlingen dy't noch net iens witte wat se wolle. We lizze dan út wat jo kinne as timmerman en dan binne se ynienen bliid mei it fak."