Boek- en kaartewinkel Het-Vergeet-Mij-Nietje yn Feanwâlden giet ticht

22 jul 2021 - 18:16

De slachter, de kapper, en no aansen ferdwynt ek boekhannel 'Het Vergeet-Mij-Nietje' út it sintrum fan Feanwâlden. "It wie wol tiid" sizze eigeners Jan en Griet Dantuma.

Boekhannel yn Feanwâlden giet ticht

Jan tinkt dat der miskien wol twa miljoen briefkaarten en 60.000 boeken opslein lizze yn de winkel en opslach oan de Haadwei 20. De winkel yn Feanwâlden is in wier walhalla foar wa't siket nei âlde kaarten of antike boeken yn alle soarten en maten. Nei hast 25 jier is tiisdei it ferkeapboerd op de gevel plakt. Foar Jan en Griet Dantuma is it gjin dreech beslút: "Jo sitte der altyd oan fêst."

Altyd ien yn de winkel

Al sa'n fjouwer jier lang hienen se it deroer: miskien wie it wol ris tiid om op te hâlden mei de winkel. Op ynternet en beurzen rûn de hannel goed. En doe't de winkel ticht moast mei de lockdown, gie de ferkeap gewoan troch. Dochs moast der wol altiten ien yn de winkel stean. Lestich, bygelyks wannear't it stel de bern, dy't allegearre bûten Fryslân wenje, opsykje woe.

De ferdieling yn de saak wie altyd helder: Griet stiet efter de kassa en Jan bliuwt leaver "achter de skermen". Jan: "Se moat ek wol ris te winkeljen mei freondinnen, dan mei ik hjir in dei stean." Jan hâldt him dwaande mei it priizjen, mei de ynkeapen en in hiel soad mei sortearjen. Fan alle kaarten dy't yn de saak binnenkomme besiket de Feanwâldster te efterheljen wat derop stiet en foaral wêr't de kaart weikomt. De steapeltsjes mei kaarten lizze oeral. It identifisearjen slagget net altiten, mar dat makket in kaart noch net weardeleas.

Boekhannelers Feanwâlden hâlde op - Foto: Omrop Fryslân. Earryt Sijens

Troch ûntjouwingen lykas de komst fan de nije dyk de Sintrale As, bettere treinferbiningen en ynvestearringen yn de natoer by Feanwâlden, seagen Jan en Griet hieltyd faker toeristen yn de winkel. Yn it begjin kamen der folle mear fanatike samlers. Dy witte no it ynternet hieltyd better te finen. "Dochs in stik minder persoanlik, mar lêsten krigen we al in kaart fan ien dy't altyd by ús op ynternet bestelt."

It gebou dêr't de boekesaak yn sit, moat 425.000 euro opsmite. Oft der wer in winkel yn komt, moat de tiid útwize. De boeken gean de doar út, miskien wol foar stuntprizen. De hannel yn kaarten wol Jan en Griet noch net kwyt. Jan: "Ik haw in foarbyld. In man dy oer de 90 is dy't noch hieltyd op de beurzen stiet."

Trefwurden: 
Feanwâlden boeken te keap
(Advertinsje)
(Advertinsje)