Drachten woe it grutste reuzerêd fan Nederlân, en no stiet it der

22 jul 2021 - 17:13

It grutste reuzerêd fan Nederlân stiet yn Drachten. It is fyftich meter heech. Fan freed ôf kin elkenien der yn.

Op de foto mei it reuzerêd - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Guon Drachtster ûndernimmers woenen graach wer wat aktiviteit hawwe yn it sintrum. Mei in groepke betochten se ferskillende mooglikheden. In iisbaan wie gjin opsje. Mar in grut reuzerêd: dat like se wol wat.

"Ik haw yn dy groep foarsteld om it grutste reuzerêd fan Nederlân hjirhinne te heljen", seit betinker Hylke Breman. "Dus wat dochst dan? Do sikest op ynternet. En de grutste dy'tst tsjinkomst dy bellest en ja, hy, Martin, koe. Dat is fansels fantastysk."

Drachten woe it grutste reuzerêd fan Nederlân, en no stiet it der

Ien fan de twa attraksjes fan Martin Hendriks is doe nei de Markt yn Drachten kaam. De Sky Vision stie ferline wike noch yn Breda. Dêr wie it in draaiend restaurant. Hendriks ferwachtet in soad belangstelling.

"Ik denk wel dat het voor de ondernemersvereniging een succes gaat worden", seit de eksploitant. "Iedereen is positief en blij dat er weer wat gaat gebeuren na zo'n lange tijd. We hebben een hoop bekijks bij de opbouw, dus ik verwacht dat er wel een hoop animo voor is."

It reuzerêd bliuwt oant en mei 1 augustus yn Drachten.

Utsicht op Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Trefwurden: 
Drachten reuzerêd
(Advertinsje)
(Advertinsje)