Brân yn loads mei trekkers yn Blauhús ûnder kontrôle

22 jul 2021 - 17:02

De brân yn in loads oan de Broer de Wittestrjitte yn Blauhús is ûnder kontrôle. It sein 'brand meester' is jûn. Der wie earder sprake fan in útslaande brân.

Brân yn loads mei trekkers yn Blauhús

De brân bruts tongersdeitemiddei út yn ien fan de twa loadsen op it terrein. Yn de loads stean trekkers.

Sinnepanielen op it dak fan de loads binne mooglik de oarsaak fan de brân. Dat wurdt noch ûndersocht.

De brânwacht kin noch net yn de loads, mar dúdlik is dat de reek- en wetterskea grut is. It wenhûs is net belutsen by de brân.

Reekûntwikkeling yn Blauhûs - Foto: CAMJO media
Trefwurden: 
Blauhûs brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)