RIVM meldt 154 nije coronabesmettingen yn Fryslân

22 jul 2021 - 15:45

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 154 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 15 mear as woansdei, want doe gie it om 139 besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 210 besmettingen meld. De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (29). Dêrnei folgje Súdwest-Fryslân (23) en De Fryske Marren (ek 23).

Stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, Der binne ek gjin nije sikehûsopnamen as gefolch fan it coronafirus.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne der 6301 nije coronagefallen registrearre. Dat is it leechste tal sûnt 9 july.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)