Snitser oanholden, plysje warskôget foar 'grooming': "Wat kun jij mooi dansen"

22 jul 2021 - 13:53

De plysje fan Noard-Nederlân warskôget âlders foar de chat-funksje op sosjale media, dy't troch âldere mannen brûkt wurdt om mei bern yn kontakt te kommen.

Foto: ANP

Yn Fryslân komt it ek foar, meldt de plysje. Yn juny en july binne twa jonge bern online benadere fia de chatfunksje fan in populêr sosjaal medium. It kontakt gie sa fier, dat der in ôfspraak makke waard dêr't de bern 'wat jild fertsjinje koene'.

De bern wisten net dat se in ôfspraak makken mei in folwoeksen man, en dat hy 'een motief op het gebied van zeden' hie, meldt de plysje.

'Onzedelijke handelingen'

De ôfspraak gie troch, 'waarbij de man vermoedelijk onzedelijke handelingen pleegde', meldt de plysje. Thús fertelden de bern oan de âlders wat der bard wie. De âlders ha de plysje ynskeakele.

Oan it begjin fan de moanne hat de plysje yn Snits in fertochte oanholden. De man sit noch fêst. Hy wurdt fertocht fan grooming en ûntucht.

Omdat it om jonge bern giet, en omdat it ûndersyk noch net klear is, wol de plysje gjin fierdere details jaan oer dizze saak.

'Het kan zomaar gebeuren'

De plysje brûkt dizze saak no as foarbyld om sjen te litten dat it oeral barre kin, ek yn de direkte omjouwing.

"Met een onschuldige opmerking als 'Wat kan jij goed dansen' hoeft niets mis te zijn", meldt de plysje, "Zeker niet als het bijvoorbeeld van een vriendinnetje uit de klas komt. Maar deze opmerking kan ook afkomstig zijn van een onbekende die in contact wil komen met je zoon of dochter."

Trefwurden: 
plysje Snits grooming
(Advertinsje)
(Advertinsje)