Epke Zonderland: "Ik jou myn eigen tarieding in dikke ûnfoldwaande"

22 jul 2021 - 12:34

Epke Zonderland docht foar de fjirde kear mei oan de Olympyske Spelen. Mar nei in dramatyske tarieding is de Flying Dutchman nei Tokio ôfreizge sûnder al te hege ferwachtings.

Epke Zonderland: "Je moatte net twifelje"

Epke hat de lêste fjouwer moannen hast net traind en is net posityf oer syn kânsen. "Ik dream fan de finale, dat soe dan foar de fjirde kear wêze, mar in olympyske medalje is net realistysk. Op in skaal fan 1 oant 10 jou ik myn tarieding in dikke ûnfoldwaande. Foar myn gefoel is myn tarieding noch net iens begûn."

Foto: Omrop Fryslân

"It soe al in wûnder wêze as ik myn eigen oefening dwaan kin. Dêr sitte fjouwer fluchteleminten yn, mar mear realistysk soe wêze om trije fluchteleminten te dwaan. En dan mar hope dat it genôch is foar de finale. Dêr gean ik foar. Dat is in oare mindset, mar wol realistysker as tinke oan olympysk goud."

Uchimura is favoryt

Neffens Epke is twafâldig olympysk kampioen op de mearkamp Kohei Uchimura syn grutste konkurrint. De Japanner docht net mear mei oan de mearkamp, mar hat him no spesjalisearre op de rekstôk en makket in grutte yndruk op Zonderland.

"Hy is echt in legende. Uchimura hat al sa faak de mearkamptitel wûn op it WK en de Olympyske Spelen en is op de rekstôk in jonge dy't altiten meidocht om de prizen. Hy hie al in heech nivo, mar no't er him spesjalisearre hat, is dat nivo nochris flink omheech knald. It is ek nochris yn syn eigen lân. Ik ferwachtsje echt in hiel soad fan him."

Epke Zonderland

Wannear komt Epke yn aksje?

Op sneon 24 july om 03.00 oere oant 15.00 oere (Nederlânske tiid) is de kwalifikaasje foar de rekstôk.

De finale is op tiisdei 3 augustus tusken 10.00 oere en 12.15 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)