Probleem op spoar fan Ljouwert nei Dronryp en Mantgum ferholpen

Troch in probleem op it spoar rieden der gjin treinen tusken Ljouwert en Dronryp, en ek net tusken Ljouwert en Mantgum. De problemen binne yntusken oplost. Dat meldt ferfiersbedriuw Arriva.
It stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Der wie in probleem mei in spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal. Dat is in draaibrêge. Spoarbehearder ProRail meldt dat de brêge mooglik net goed yn de fergrendeling fallen wie.
Neffens de reisplanner fan de NS koe de ekstra reistiid oprinne oant in oere. Yntusken is de brêge wer makke en kinne der wer treinen oerhinne ride.
Ien dei earder wiene der ek al problemen op it trajekt fan Ljouwert nei Harns. Dat kaam doe ek troch in spoarbrêge. Oan it begjin fan de moarn melde Arriva dat de treinen wer rieden.