Mear druk op soarch troch 'eksplosive taname' tal coronabesmettingen

22 jul 2021 - 11:16

It oantal coronabesmettingen is yn de ôfrûne twa wiken sa bot tanaam, dat de druk op de soarch groeit. Dat meldt it Regionaal Overleg Acute Zorg (ROAZ).

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Neffens dy organisaasje is der sprake fan in 'eksplosive taname' fan it oantal besmettingen. Dat wie earst allinne yn de leeftiidsgroep fan 20 oant 30 jier, mar no sjocht it ROAZ ek hieltyd mear besmettingen by oare leeftiidsgroepen.

It tal sikehûsopnames giet ek omheech. Dat soarget foar ekstra druk yn de sikehûzen.

Troch útfal fan meiwurkers en troch de fakânsjeperioade steane de roasters no bot ûnder druk. De sitewaasje is sa slim, dat it kearnteam fan it ROAZ dizze wike earder by mekoar kaam is as pland.

Der binne foarearst noch genôch bêden beskikber, meldt it ROAZ, mar "met oog op het toerisme in onze regio moeten we de beschikbare capaciteit goed monitoren".

De druk op de soarch is net allinne heech yn it sikehûs, mar ek yn de ferpleechsoarch, en by de spoedeaskjende húsartsesoarch. Dêr kinne de wachttiden bot oprinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)