Simmerblog: Simmer yn Suwâld

22 jul 2021 - 23:02

Omrop Fryslân is op roadtrip troch de provinsje: acht wiken lang komme wy del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed is Omrop Fryslân yn Suwâld! Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

18:01
Oant moarn!

Dit is de ein fan dit simmerblog oer Suwâld. Tank foar it folgjen.

Moarn binne we yn Wierum. Oant dan!

18:00
Dit wie Simmer yn Suwâld
17:28
Toanielferiening Kom Mar Op

De toanielferiening Kom Mar Op út Suwâld sil yn septimber wer in grut toanielstik opfiere. It stik hjit Op Hoop fan Segen. It giet oer in boaten en skippers, en sil op 17 septimber foar it earst opfierd wurde. Spesjaal foar Simmer yn Fryslân hat de feriening in sêne út it stik omboud ta in harkspul. Harkje mei nei in foarpriuwke fan it stik:

It harkspul fan toanielferiening Kom Mar Op

16:41
It is moai waar yn Suwâld!

Bern dûke it wetter yn

De bern fan it doarp swimme mei it moaie waar graach yn it kanaal, mar dêr farre út en troch en grutte frachtskippen del. "Dêr hawwe wy as memmen in grutte hekel oan, dus wy wolle graach dat se ticht by de kant bliuwe. De âldere bern weagje it wol ris om wat fierder fuort, dus wy bliuwe der dan ek goed by stean."

De bern hawwe wille by it wetter, de memmen hâlde harren yn 'e gaten

16:22
Fakânsje oan it wetter by Suwâld
Leendert van der Heide - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Leendert van der Heide is nei syn pensjoen jachthavenmaster wurden yn Suwâld. Hy giet dêr oer de camperplakken, stiet de gasten te wurd en regelet noch in hiel soad oare dingen. "It is fulltime yn de simmer moannen", fertelt er.

Minsken mei campers hoege net te reservearjen, se hoege allinne mar efkes te beljen oft der plak is. "De fasiliteiten binne der safier't de campers dy nedich hawwe: sanitêr, der is plak, der is wetter, sy kinne harren ôffal kwyt en dat is it."

Gesellichheid by it wetter yn Suwâld

15:58
Gelmer van der Wal en Nienke Venema betochten en bouden harren hûs sels
15:24
Yn kontakt komme mei hynders by Elien Spijkstra

Elien Spijkstra is hyndercoach en fertelt ús ferslachjouwer Froukje Sijtsma wat oft in hynder oer har fertelle kin. Sy fertelt dat hynders fiele kinne oftst ûntspannen of senuweftich bist, sy jout hyndercoaching foar minsken dy't lêst ûnderfine op lichaamlik, emosjoneel en kochnityf flak.

Elien Spijkstra bringt Froukje yn kontakt mei hynders

14:18
It Shantykoar fan Suwâld sjongt al mear as tweintich jier

Shantykoar de Pypkesjongers

It shantykoar De Pypkesjongers bringt sûnt 2000 libben en fleurigens yn Suwâld. De groep fan sa'n tweintich man sjongt harren favorite ferskes.

Foarsitter Gerrit Hofman fertelt oer it shantykoar

13:16
Suwâld sit net te wachtsjen op útwreiding gaswinning

Vermilion wol de gaswinning yn de gemeente Tytsjerksteradiel útwreidzje. It bedriuw wol de kommende tritich jier nochris alve miljard kúb gas út 'e grûn helje. "Dat is een hele hoop", seit Bas Uildriks, foarsitter fan doarpsbelang Suwâld: "Als je kijkt naar hoe groot dat gebied is en hoeveel gas er dan nog moet worden uitgewrongen over een ongelooflijk lange tijd, nog dertig jaar, dat heb je het gewoon over veel gas."

Grinslân út, Fryslân oan

Foar Uildriks liket it plan mear op in besykjen ta kompensaasje: "Groningen gaat uit en andere gebieden worden keurig weer aangezet om dat te compenseren. Het voelt als een soort van 'verdeel en heers'-strategie vanuit Den Haag. De enige die er wat over te zeggen heeft, is de minister."

De put by Suwâld is no ticht, mar as er wer iepene wurde soe, soe dat neffens Uildriks in soad oerlêst jaan: "Dan komen er grote installaties, dan is het dorp 24 uur per dag in zwang met groot materieel. Veel overlast, compressoren, lawaai, dit moeten we niet willen."

Syn foarstel: "Wat er ook in Garijp gebeurt: gasvrij maken, dat is de toekomst."

Bas Uildriks oer gaswinning

11:41
Pontsje "Schalkediep" set al jierren fytsers en kuierders oer

Al 26 jier fart it pontsje fan Suwâld nei Garyp en werom. "It oerstekken duorret sa'n tsien oant tolve minuten. It hinget ôf fan hoe hurd oft de skipper fart en hoe drok oft it is", fertelt Jan van der Wal, foarsitter Zonnepont Schalkediep. It is de maklikste en fluchste rûte nei de oare kant fan it kanaal, seit er: "Oars moatst oer Ljouwert fytse of oer Burgum. Dan bist gau seis kilometer fierder."

Pontsje hieltyd populêrder

It pontsje set hieltiten mear minsken oer: "Ferline jier al goed twa tûzen mear, dit jier is it ekstra drok. Wy sette in protte oer, yn trochsneed 250 oant 300 minsken de dei." Njonken minsken út it doarp brûke simmers ek in soad toeristen op it pontsje. "It binne in soad minsken út Fryslân sels, mar ek in hiel protte toeristen. Der binne in soad minsken dy't de Acht fan Grou fytse, en dêr slute wy as pontsje ek by oan."

Jan van der Wal oer Zonnepont Schalkediep

10:37
Frijwilligers bouwe klaaiboksen op sportpark

Fan de rêst nei de drokte; by it sportpark yn Suwâld wurdt troch frijwilligers drok boud oan nije klaaiboksen foar SV Suwâld. "Der komme twa klaaibosken by, want dat wie heechnedich. Wy hawwe in groep fan santjin man. Meist komme, mar it is gjin ferplichting. Wy sille sjen oft wy dit foarinoar krije. It groepke is frij fanatyk."

De boksen wiene nedich om't no meardere teams gebrûk meitsje moatte fan deselde boksen, faak allegearre nei inoar. "En der binne hieltiten mear froulju dy't begjinne te fuotbaljen", dy kinne daliks ek gebrûk meitsje fan de nije boksen.

"Je dogge it foar de klup."

Willem Durk van Vaals

Van Vaals is sels timmerman. Hy sjocht it net as in lêst om yn syn frije tiid oan de boksen te bouwen. "Je dogge it foar de klup. Ik wit noch dat ús heit holpen hat mei in oar gebou, en sa werhellet de skiednis him no. Ik hoopje dat de bern hjir altyd fuotbaljen bliuwe kinne."

Willem Durk van Vaals oer de bou fan boksen yn Suwâld

9:30
De skiednis fan Suwâld

De wei nei Suwâld is net foar elkenien maklik te finen, mar foar Teake Kooy wol. Hy is 80 jier en wennet al syn hiele libben yn it doarp. It wie eartiids in doarpke fan "ienfâldige lânarbeiders en lytse boeren", seit Kooy. Hy fertelt dat it doarp op in sânrêch boud is, tusken de feangreiden.

Kooy hat jierrenlang op 'e molkwein riden. Yn dy tiid koe er elkenien yn it doarp. "No net mear, mar alle minsken binne hjir wolkom." Neffens Kooy is Suwâld in tige gesellich doarp, benammen as it friest en de redens wer ûnderbûn wurde kinne. Hy wennet njonken de iisbaan fan it doarp. "It is hjir dan hiel gesellich. Der stiet no in hokje op 'e baan, mar dy wie der earder noch net. Doe kamen se hjir mei de fraach 'meie we hjir de poeiermolke waarm meitsje?'"

Teake Kooy oer Suwâld

7:00
Wolkom yn Suwâld

Goeiemoarn! It is de twadde wike fan Simmer yn Fryslân. Omrop Fryslân docht acht wiken lang ferslach fan alle simmerske aktiviteiten en sport yn Fryslân. Wy strike del yn ferskate doarpen en stêden. Hjoed binne wy yn Suwâld.

Simmerblog

Oerdeis is alles te folgjen op de radio, mei ferskate bydragen yn alle programma's. Online is it ek te folgjen yn dit simmerblog mei bydragen en foto's. Om 17.15 oere, en dêrnei yn de werhelling, is Simmer yn Fryslân mei it doarp fan de dei op telefyzje te sjen.

Woansdei wiene wy yn Riis. Alles noch efkes neilêze? Dat kin hjir.

Trefwurden: 
Suwâld Simmer yn Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)