Besikers besykje drugs Ljouwerter finzenis yn te smokkeljen

22 jul 2021 - 06:30

De plysje hat twa minsken oanholden dy't besocht ha drugs de Ljouwerter finzenis yn te smokkeljen. Se sitte no sels yn de sel.

Foto: ANP

It giet om in man (28) út Amsterdam, en in frou (36) sûnder fêst wenplak.

De plysje meldt dat de beide fertochten oanholden binne, en dat se noch fêst sitte. De plysje is dwaande mei it ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert drugs finzenis
(Advertinsje)
(Advertinsje)