"Noch tefolle ûndúdlik oer gaswinning boppe Skiermûntseach"

22 jul 2021 - 10:41

Salang't der net goed sjoen is nei de gefolgen fan gasboarringen boppe Skiermûntseach, moat der gjin beslút oer naam wurde. Dat is it advys fan in kommisje oan minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken.

Foto: ANP

Der binne plannen foar gasboarringen boppe Skiermûntseach, yn it gebiet Borkumse Stiennen, yn de Noardsee. Dat gebiet is oanwiisd as in gebiet dat beskerme wurde moat.

"Dat daar een boorplatform komt, is niet onmogelijk", seit foarsitter Marieke van Rhijn fan de kommisje dy't it miljeu-effektrapport besjoen hat, "maar dan moet je wel heel goed onderbouwen waarom het precies daar moet komen, en niet op een andere plek." Oer dy ûnderbouwing is se "niet helemaal tevreden."

Neffens Van Rhijn moat ek goed ûnderboud wurde wêrom't it überhaupt nedich is om nei gas te boarjen. "Er woedt een enorme maatschappelijke discussie over olie en gas. En hier wordt een nieuwe winning voorzien, voor vele tientallen jaren."

Der moat mear ûndersyk dien wurde, foardat de kommisje grien ljocht jaan kin, seit Van Rhijn.

Se makket har ûnder oare soargen oer swarte see-einen. Dy soene fersteurd wurde kinne troch helikopters, dy't fan en nei it boarplatform fleane. Dêr is net genôch ûndersyk nei dien, seit se. "Misschien valt het mee, maar dat moet onderzocht worden."

Trefwurden: 
Skiermûntseach gaswinning
(Advertinsje)
(Advertinsje)