Probleem mei brêge oplost: trein nei Harns rydt wer

22 jul 2021 - 06:37

Der ride wer treinen tusken Ljouwert en Harns. Dat meldt ferfiersbedriuw Arriva. It treinferkear lei woansdei hast de hiele dei stil fanwege in probleem mei in spoarbrêge.

De stikkene brêge yn it spoar Ljouwert-Harns - Foto: Lennard Geerts

It wie de twadde kear yn koarte tiid dat de brêge foar fertraging soarge op it spoar. It giet om de brêge oer de Arumer Feart, by Frjentsjer.

De brêge is mear as 150 jier âld, en soe takom jier ferfongen wurde. By de tariedingen fan dat wurk is in wike lyn in skuor ûntstien yn de brêge. Spoarbehearder ProRail seit no dat de brêge earder ferfongen wurde moat.

De reisplanner fan de NS joech moarns betiid noch oan dat der gjin treinferkear mooglik wie tusken Harns en Ljouwert. Neffens in wurdfierdfer fan Arriva kloppe dat berjocht yn de reisplanner net. It is net dúdlik hoe't it kin dat de reisplanner ynformaasje joech dy't net aktueel wie.

Neffens ProRail is der op dit stuit in 'tijdlijke ondersteuning' oanbrocht ûnder de brêge. "Daarmee is de brug weer veilig voor passerende treinen." In wurdfierder fan Arriva lit witte dat de treinen foar de wissichheid noch altyd stadich oer de spoarbrêge ride, en dat de sitewaasje goed yn de gaten holden wurdt.

Troch de problemen mei de brêge wie der twa kear yn ien wike tiid gjin treinferkear mooglik tusken Harns en Ljouwert. Reizgers binne mei bussen ferfierd. Omdat der yn de trein nei Harns ek in protte misken sitte dy't nei Skylge of Flylân wolle, wiene der bussen mei karren, sadat tassen en fytsen ek mei koene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)