Winst foar partoeren Steenstra en Sijbrandij yn Minnertsgea

21 jul 2021 - 20:51

Tjisse Steenstra, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar hawwe woansdei de frijeformaasjepartij yn Minnertsgea wûn.

Steenstra-en-dy winne frijeformaasjepartij Minnertsgea - Foto: Henk Bootsma

Yn in oantreklike finale wie dit trio mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Benammen dizze lêste makke yn de slotfaze in oantal krúsjale flaters oan de opslach. Oan de oare kant hie Steenstra krekt wol súkses mei syn opslach.

Tjisse Steenstra

De striid gie oant 4-4 lyk op. Doe miste Kootstra trije kear it perk en koe er dêrnei de keats net passearje. Yn it lêste earst hie Steenstra in pear kear súkses by it perk Drent/Kootstra. De ein fan de partij kaam op 5-4 en 6-2 mei in kwea opsleine bal fan Bergsma.

Hendrik Kootstra

De finalepartij hat de keatsdei goed makke. Dêrfoar wie it peil ûnder de maat, mei fierstente folle opslachmissers en iensidige partijen.

Froulju

Lykas al it hiele seizoen gie ek dizze kear de priis nei de formaasje Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Sy wûnen yn de finale mei 5-3 en 6-6 fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia.

De tredde priis by de froulju wie foar Annet de Haan, Lotte Delgrosso en Annelien Broersma.

Foto: Henk Bootsma
Trefwurden: 
keatsen Minnertsgea
(Advertinsje)
(Advertinsje)