Auto yn sleat by Surhuzum, bestjoerder slim ferwûne

21 jul 2021 - 20:09

By in ûngelok by Surhuzum is woansdeitejûn de bestjoerder fan in auto slim ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak bedarre de auto yn 'e sleat.

Foto: ProNews Producties

De brânwacht moast deroan te pas komme om de bestjoerder (46) út de auto te krijen. It slachtoffer is dêrnei nei it sikehûs brocht. Neist de brânwacht waard ek in traumahelikopter oproppen foar de helpferliening.

It ûngelok wie by de krusing fan de provinsjale dyk en It Langfal.

Trefwurden: 
ûngelok Surhuzum
(Advertinsje)
(Advertinsje)