Ofskied fan Peter R de Vries: "Hy wurke mei syn hert en dat fielst"

21 jul 2021 - 19:02

Freondinne Aafie Kloosterman fan Marianne Vaatstra wie ien fan de tûzenen dy't woansdei yn Amsterdam ôfskied naam fan de deasketten misdiedferslachjouwer Peter R. de Vries. Aafie út De Westereen wie bot ûnder de yndruk.

Foto: ANP, Sem van der Wal

De hiele dei wie it drok mei besikers by Carré dy't in lêste groet bringe woene oan Peter R. de Vries. Al gau stiene der lange rigen en rûn de wachttiid op de drokste tiid op ta trije oeren. Goed sântûzen minsken brochten woansdei yn Carré de lêste eare oan Peter R. de Vries. Marianne Vaatstra har freondinne Aafie Kloosterman wie krekt foar't de lange rigen begûnen, oankaam by it teater oan de Amstel.

"Bysûnder plakje"

Kloosterman wie bot ûnder de yndruk fan itjinge se meimakke yn Carré. Se omskriuwt it publyk dat by de lêste eare yn keninklik teater Carré oan de Amstel oanwêzich wie as 'hiel divers.' "Hy hat by in soad minsken in bysûnder plakje."

"Safolle kilometers dy't er nei Fryslân riden is om dit op te lossen"

Peter R. de Vries hat in grutte rol spile yn it finen de moardner fan har freondinne Marianne Vaatstra. Sy waard yn 1999 dea fûn by Feankleaster. Aafie: "Safolle kilometers dy't er nei Fryslân riden is om dit op te lossen. Dan is dit wol de lêste eare dy'tst him sels bringe kinst. "

Se tinkt net dat de saak-Marianne Vaatstra oplost west wie as Peter R. de Vries him der net sa foar ynset hie. "Hy hat bot fochten foar it DNA-ferwantskipsûndersyk. As dat der net kaam wie, hiene wy ek net safier kommen."

Hy miende it echt. Hy wurke mei syn hert. En dat fielst.

Aafie Kloosterman oer Peter R. de Vries

Peter R. de Vries wie behalve misdiedsjoernalist ek in grutte help foar famyljes fan slachtoffers fan wa't de moard noch net oplost wie. Sa ek foar Bauke Vaatstra, de heit fan Marianne Vaatstra. Dy help sil no mist wurde by safolle minsken dy't noch yn ûnsekerheid sitte, seit Aafie.

Sels hat se Peter R. de Vries ek in pear kear persoanlik meimakke. "In leave en oprjochte man. Hy miende it echt. Hy wurke mei syn hert, en dat fielst. Ik tink net dat in oar Peter R. de Vries syn plak ynnimme kin. Hy is net te evenaren."

Aafie Kloosterman

(Advertinsje)
(Advertinsje)