ProRail wol stikkene spoarbrêge by Frjentsjer earder ferfange

21 jul 2021 - 17:30

De spoarbrêge by Frjentsjer soe yn it neijier fan 2022 ferfongen wurde, mar ProRail wol no dat it earder plakfynt fanwege de skea dy't ûntstie mei wurksumheden. Dat sil ProRail beprate mei de oannimmer en oare partijen.

Woansdei rieden der opnij gjin treinen tusken Ljouwert en Harns-Haven troch de stikkene brêge oer de Arumer Feart. It treinferkear soe earst stadich oer de mear as 150 jier alde brêge ride, mar letter op de dei waard it treinferkear opnij út foarsoarch stillein.

De reparaasje oan de brêge en it spoar sil yn de kommende oeren plakfine. ProRail ferwachtet dat de brêge fan tongersdeitemoarn ôf wer brûkt wurde kin troch it treinferkear.

(Advertinsje)
(Advertinsje)