Seis moannen sel foar fjoerwurksmiten nijjiersrellen Ljouwert

21 jul 2021 - 16:37

In 21-jierrige Ljouwerter moat in heal jier de sel yn omdat er mei âld en nij mei fjoerwurk smiten hawwe soe. Op de Foarstreek yn Ljouwert wiene rellen útbrutsen en moast de plysje yn aksje komme.

Foto: Omrop Fryslân

De 21-jierrige Ljouwerter soe mei fjoerwurk smiten hawwe. Dat waard sjoen troch in plysjeman. De fertochte seit dat er dat net dien hat. Hy soe allinnich mar mei fytsen smiten hawwe.

De feroardielde man hie in liter konjak op. De rjochter achte wol bewiisd dat er mei fjoerwurk smiten hat. Letter dy nacht soe er ek in noch in jonge mishannele hawwe.

De man wol net meiwurkje oan in ûndersyk. Hy moat ek 500 euro smertejlid betelje oan it slachtoffer fan de mishanneling.

Trefwurden: 
nijjiersrellen
(Advertinsje)
(Advertinsje)