RIVM meldt 139 nije coronabesmettingen, 31 minder as tiisdei

21 jul 2021 - 15:51

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 139 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. It binne der 31 minder as tiisdei, doe gie it om 170 coronabesmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed binne de ôfrûne wike alle dagen 225 besmettingen meld. Tiisdei lei dat trochsneed op 228.

De measte besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (20), Dêrnei folgje Achtkarspelen mei 17 en De Fryske Marren mei 16.

Ien nij stjergefal en ien sikehûsopname

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien nij stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, in ynwenner fan Opsterlân. Der is ek ien nije sikehûsopname as gefolch fan it coronafirus. It giet om in ynwenner fan De Fryske Marren.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik binne der 6945 nije coronagevallen registrearre. De 6945 positive testen binne in bytsje heger as it sifer fan tiisdei, mar folle leger as dat fan moandei Trochstrings leit it tal nije gefallen op moandeis en tiisdeis krekt wat leger, wêrnei' it mei yngong fan woansdeis heger wurdt.

It RIVM sei tiisdei it begjin fan in stabilisaasje te sjen en dat it tal gefallen yn de rin fan dizze wike wer nei ûnderen gean soe.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)