Risikonivo yn Fryslân omheech fan 'ernstig' nei 'zeer ernstig'

It risikonivo yn Fryslân giet fan 'ernstig' nei 'zeer ernstig'. Dat blykt út it 'coronadashboard' fan de ryksoerheid. 'Zeer ernstig' is it heechste risikonivo.
Minister Hugo de Jonge © ANP
De opskaling nei 'zeer ernstig' hat te krijen mei de rappe taname fan it oantal coronabesmettingen. De maatregels feroarje net. In goed wike lyn binne de regels al oanskerpe.
Om it risikonivo yn in bepaald gebiet te bepalen, wurdt sjoen nei it oantal positive tests, en nei it tal sikehûsopnames. It slimste sifer bepaalt it risikonivo.
'Zeer ernstig' is it heechste risikonivo (4). De oare nivo's binne 'ernstig' (3), 'zorgelijk' (2) en 'waakzaam' (1).
1. Waakzaam De situaasje is ûnder kontrôle te hâlden. It oantal nije besmettingen is leech en/of de druk op de soarch falt ta.
2. Zorgelijk De situaasje is lestich ûnder kontrôle te hâlden. Der binne in protte nije besmettingen, en/of de druk op de soarch is grut.
3. Ernstig De situaasje is min. Der binne in protte nije besmettingen en/of de druk op de soarch is hiel grut.
4. Zeer ernstig De situaasje is tige min. Der binne ekstreem folle nije besmettingen en/of de druk op de soarch is ekstreem grut.
De foarige kear dat yn Fryslân it heechste risikonivo ôfkundige waard, wie ein 2020. Doe melde de ryksoerheid noch dat minister De Jonge bepaalde yn hokker risikonivo in gebiet siet. Yntusken wurdt dat 'in principe automatisch' bepaald, op basis fan de sifers.
As der yn ien wike mear as 250 positive testútslaggen binne op 100.000 ynwenners, giet in regio fan 'ernstig' nei 'zeer ernstig'. It Outbreak Management Team advisearret it kabinet oer nije grinswearden, as dat nedich is. As de faksinaasjegraad feroaret, soene de grinswearden ek feroarje kinne.