Opnij gjin treinen tusken Ljouwert en Harns troch stikkene brêge

21 jul 2021 - 13:49

Troch in probleem mei in spoarbrêge by Frjentsjer ride der opnij gjin treinen tusken Ljouwert en Harns-Haven. Dat meldt ProRail.

Foto: Omrop Fryslân, Lennard Geerts

De brêge is mear as 150 jier âld, en soe takom jier ferfongen wurde. By de tariedingen fan dat wurk is in wike lyn in skuor ûntstien yn de brêge.

'Stadich ride kin wol'

It treinferkear waard stillein, mar nei in ynspeksje waard bepaald dat der wer treinen oer de brêge koene, as it mar stadich gie.

Yntusken is dúdlik dat de brêge oer de Arumer Feart fierder achterút gien is. ProRail meldt dat it treinferkear út foarsoarch stillein is.

Reisplanner

Neffens in prognoaze fan de NS kin it noch wol de hiele dei duorje foardat der wer treinen ride. Wurdfierder Aldert Baas fan ProRail seit dat it net bekend is hoe lang oft it duorret foardat der wer treinen ride kinne. Neffens him is it in 'standaard-prognose', en moatte reizgers de reisplanners yn de gaten hâlde.

Fytskarren

Yn dizze tiid sitte der faak in protte fakânsjegongers yn de trein nei Harns, omdat se ûnderweis binne nei Skylge of Flylân. Ferfiersbedriuw Arriva set no bussen yn, mei grutte karren, sadat de fytsen en de bagaazje fan de reizgers ek meinaam wurde kin.

De reis kin no wol in oere langer duorje as normaal.

UPDATE 1620 oere:

ProRail meldt op Twitter dat se ferwachtsje dat de brêge tongersdeitemoarn wer beskikber is foar treinferkear,

(Advertinsje)
(Advertinsje)